Ekstra spanning en 'read kopke' by Henk de Jong om rentree by Cambuur
In lyts bytsje senuweftich, dat wie trainer Henk de Jong wol doe't er foar it earst sûnt fjouwer moannen wer op it trainingsfjild stie by SC Cambuur. Op It Amelân is de klup begûn oan it nije seizoen.
It wie novimber foarich jier doe't de Drachtster in stap tebek sette moast troch in kyste yn 'e holle. Yn de earste moannen fan dit jier kaam er efkes werom by Cambuur, mar de klachten bleaune De Jong pleagjen. En dus besleat er om de rest fan it seizoen net werom te kommen op 'e bank.
Dizze wike binne de Ljouwerters begûn mei de tarieding op it nije seizoen. Mei harren trainer. Troch de ôfrûne moannen rêst te nimmen, binne de klachten by De Jong ferdwûn. Dus stiet er wer gewoan op it fjild, rint er wer tusken syn spilers om en sit er se efter de broek.
SC Cambuur op trainingskamp op It Amelân
It is in tradysje: Cambuur begjint it nije fuotbalseizoen mei in trainingskamp fan trije dagen op It Amelân. Ek dit jier wer. Der wurdt traind, mar der is ek romte foar oare aktiviteiten. Sa stiet der mei it moaie waar in barbecue pland en giet de seleksje it strân op om te blokarten en te raften.
Dêr heart De Jong ek by. Hy hellet der in soad wille út om mei in karke oer it Amelanner strân te fleanen. Krekt as út it jaan fan fuotbaltraining. Al wie dat fan 'e wike wol wer efkes frjemd. "Om earlik te wêzen, it training jaan moast wenne. Nei in minút of tweintich kaam it wer", jout De Jong ta.
De lêste tiid sis ik hieltyd: o, ik ha sa'n sin om wer oan it wurk te gean!
Oan syn 'reade kopke' fernaam De Jong de ekstra spanning. "Net dat ik benaud bin, mar je wolle it goed dwaan. It moat goed. De lêste tiid sis ik hieltyd: o, ik ha sa'n sin om wer oan it wurk te gean!"
De rentree fan de trainer is miskien wol de haadreden dat Jamie Jacobs der ek noch by is. Hy hie in ôfrinnend kontrakt, mar nei ferskate petearen mei De Jong hat de middenfjilder besluten om dochs te ferlingjen.
Jacobs bliuwt dochs
Jacobs jout ta dat de rol fan De Jong grut west hat yn syn beslút. "Ja, wel vrij groot. Ik heb wel een goede band met de trainer. Ook met de manier van werken en ook de manier van spelen. Dus dat is zeker positief."
Yn de SportCast fan Omrop Fryslân sei De Jong moandei dat Jacobs yn syn eagen net as spulferdieler spylje moat. Hy moat rinaksjes meitsje en foar de goal komme. Jacobs: "Ja, dat klopt. Daar heb ik voor de rest niets aan toe te voegen. Dat is gewoon zo."
Trainer Henk de Jong is der wer by
Cambuur is dizze wike mei twa nije gesichten ôfreizge nei It Amelân. Remco Balk wurdt foar in jier hierd fan FC Utrecht en is der foar it earst by. En Jeremy Helmer fertoant syn keunsten op de fjilden fan VV Geel-Wit, dêr't de Ljouwerters traine.
Ik heb vreselijke pech gehad met blessures.
Helmer komt de kommende trije oant fjouwer wiken op proef by Cambuur. "Ik ben een creatieve middenvelder", fertelt de 24-jierrige fuotballer. Hjirfoar stie er ûnder kontrakt by AZ. "Daar stond ik ook wel eens linksbuiten."
Lêste duel yn 2019
De lêste wedstriid dy't Helmer spile, datearret fan mear as 2,5 jier lyn. "Ik heb vreselijke pech gehad met blessures. Ik heb geen lekkere tijd gehad."
Hy bruts syn skynbonke, hie hamstringproblemen en is operearre oan in ljiskbreuk. Dêrtroch spile er yn 2019 foar it lêst in offisjeel duel, ta syn eigen frustraasje. "Een voetballer wil niet eens één wedstrijdje missen en ik mis echt een bizar lange tijd."
De groep fan Cambuur is noch net kompleet. Der misse mei Sekou Sylla, David Sambissa, Calvin Mac-Intosch en Roberts Uldrikis noch fjouwer spilers dy't foarich seizoen langer trochgien binne fanwege wedstriden mei harren lân. En Maxim Gullit is noch blessearre.
Nettsjinsteande dat de seleksje fan Cambuur noch lang net kompleet is, hat it neffens De Jong wol mearwearde om op trainingskamp te gean. Fansels is der wol in soad oerlis mei de direksje en technysk manager Foeke Booy oer nije spilers.
Ferlanglistje
"Der moatte noch wis jonges by. Der binne noch posysjes fakant", jout De Jong ta. "Wy wolle it, mar de klups wolle it allegear. Dus we moatte ek even it juste momint hawwe. Dat we sizze: bam, en no is it fan beide kanten klear."
Cambuur wol him yn alle gefallen noch fersterkje mei twa keepers, twa ferdigeners, in middenfjilder en twa oanfallers. Dy sille der allegearre nije wike noch net wêze. Dan is de earste oefenwedstriid. Op de fjilden fan DTD yn Koarnjum spilet Cambuur dan tsjin SV Meppen út Dútslân.