Omrop Fryslân

Sportklup Hearrenfean begjint tarieding mei oerwinning mei dûbelde sifers

Rami Al Hajj fan Hearrenfean yn duel mei in spiler fan Gaasterlân-Sleat
© Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije earedivyzjeseizoen mei 0-14 wûn fan in regioseleksje út Gaasterlân-Sleat.
Hearrenfean spile yn de earste helte mei in mjuks fan spilers fan it earste alvetal en spilers út de jeugd. By it skoft wie it 0-7 troch doelpunten fan Björn Gudnason (twa kear), Trustin van 't Loo, Demo Koida, Arjen van der Heide, Milan van Ewijk en Thom Haye.
De earste oefenwedstriid fan sc Hearrenfean
Yn de pauze wiksele Hearrenfean alve kear en wer stie der in mjuks fan basisspilers en jeugd op it fjild. Oanwinsten Andries Noppert en Mats Köhlert makken harren earste minuten foar de ploech.
Mei harren yn it fjild rûn Hearrenfean út nei dûbelde sifers. Tibor Halilovic, Amir Ismaïl (twa kear), Corné van Houwelingen, Anas Tahiri, Ian Beelen en Köhlert wienen de doelpuntemakkers. Benammen it doelpunt fan Köhlert wie der ien om yn in list te setten.
It doelpunt fan Köhlert yn byld
Foar Kees van Wonderen wie it syn earste wedstriid as coach fan Hearrenfean. Van Wonderen wie bliid dat hy los koe.
Kees van Wonderen nei de wedstriid
De wedstriid tsjin de regioseleskje út Gaasterlân-Sleat is tradisjoneel de earste oefenwedstriid fan it seizoen. De wedstriid waard spile op it sportpark fan sv Oeverzwaluwen in Koudum.
Kommende sneon spilet sc Hearrenfean de twadde oefenwedstriid, dan is de tsjinstanner doarpsgenoat Heerenveense Boys. Dêrnei spilet de ploech fan Kees van Wonderen noch tsjin TOP Oss, TuS Blau-Weiß Lohne en PEC Zwolle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.