Deiboek fan Dariia: "Ik moat trochgean mei it gewoane libben"

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is har lêste deiboek: oer de takomst.
"Gewoanwei giet de tiid sa hurd dat ik net iens myn takomst fatsoenlik planne kin. Dêrom wol ik no wat fertelle oer myn ideeën foar de takomst.
Sa't ik yn in earder deiboek alris fertelde, ha ik my by guon skoallen oanmeld om hjir te studearjen. Ik ha keazen foar de Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert.
Ik ha besletten om my oan te melden foar opliedingen as Mediawittenskippen, International Development Management en International Business. Dy lykje neffens my it meast op wat ik yn Oekraïne studearre: International Management. Boppedat bin ik der wis fan dat sokke opliedingen letter sinfol binne foar elk berop dat ik nijsgjirrich fyn."
Dariia yn Fryslân © Eigen foto
"Mar om sa fier te kommen, moat ik earst in IELTS-test helje, om sjen te litten dat myn Ingelsk goed genôch is. Soks is djoer foar my, hielendal no, no't ik net even wat ekstra jild om hannen ha. Mar gelokkich kin ik de test yn july dwaan. Boppedat is dy yn Amsterdam, dus dan kin ik dêr ek daliks even rûnsjen.
Fierder ha ik wat problemen mei myn dokuminten. Ik bin koartlyn 18 jier wurden en as Oekraïner moatst dan al it papierwurk oanpasse. Dêrfoar moat ik nei alle gedachten nei Den Haag ta."
Gelokkich stiet ús hûs der noch.
Dariia har bertestêd is de lêste dagen bombardearre
"De ôfrûne dagen is myn bertestêd bombardearre, it is dus in spannende tiid foar ús. Gelokkich stiet ús hûs der noch, krekt sa as it hûs fan ús pake en beppe. Se binne (noch) feilich en sûn, mar se ha it swier no't se yn de omkriten hieltyd it lûd fan eksploazjes hearre.
Ik tink dat ik dêrom ek op syn minst oant ein dit jier yn Nederlân bliuwe moat, sadat myn famylje en ik feilich binne. Ik bid altyd foar Oekraïne en ik hoopje dat de hel, sa't dy dêr no is, sa gau as mooglik foarby is."
Dariia en har âlden © Eigen foto
"Om it posityf te besjen: as ik hjir aanst studearje kin, is dat in moaie gelegenheid foar in nije start yn Nederlân. In diploma kin my helpe om by te dragen oan in positive takomst foar de Nederlânske ekonomy, mar ek om Oekraïne fierder te ûntwikkeljen.
Alle dagen sis ik tsjin mysels dat ik trochgean moat mei it gewoane libben en dat it prima is om bygelyks nei konserten te gean, it nei myn sin te hawwen en te laitsjen. Ik bin der wis fan dat de oarloch gau foarby wêze sil en dat alle minsken it libben wer opstarte kinne.
Hjirmei einiget myn deiboek foar Omrop Fryslân. Ik hoopje dat ik mei myn ferhalen in bytsje sjen litten ha hoe't Oekraïners hjir besykje te libjen as flechtling. Troch te skriuwen oer alles wat ik de ôfrûne moannen meimakke ha, fielde ik my mear ûntspannen en net bang om oer myn libben te fertellen.
Graach hear ik fan jim wat jim fan myn ferhalen fûnen!"