Omrop Fryslân

Deiboek fan Dariia: "Plannen foar de simmer? Ik bliuw yn Nederlân"

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 15: foarútsjen nei de simmer.
"Noch in wike, dan is myn skoaljier foarby. Dan is it no dus de perfekte tiid om nei te tinken oer wat ik fan it simmer dwaan sil. Ik bin fan doel om de hiele simmer yn Nederlân te bliuwen, dus ik ha al wat ideeën betocht.
Myn belangrykste doel is it finen fan in simmerbaantsje. Wurkje is neffens my in geweldige mooglikheid om mysels te ûntwikkeljen, nije minsken te moetsjen en wat ûnderfining op te dwaan.
Boppedat kin ik dan oefenje om mei ferskate minsken gear te wurkjen. Sa kin ik myn 'managerfeardichheden' ferbetterje. Op de universiteit ha ik dêr al wat oer leard.
Dariia yn Drachten
© Eigen foto
Ik ha al ûnderfining mei frijwilligerswurk, ik fûn it hiel moai om minsken te helpen.
Op it stuit help ik ús heit syn wurkjouwer om petearen en dokuminten oer te setten foar oare Oekraynske meiwurkers en miskommunikaasje op te lossen. Moai wurk, mar ik sykje ek in plak om echt oan it wurk te kinnen.
Ik wol it op syn minst in bytsje besykje te praten dizze simmer.
Dariia wol Nederlânsk leare
Dêrnjonken bin ik fan doel om aktyf Nederlânsk te learen, ik wol it op syn minst in bytsje besykje te praten dizze simmer. Yn it skoaljier fûn ik it dreech om noch tiid te hawwen om in oare taal te learen. Mar no ha ik it minder drok, dus dan kin ik mear tiid stekke yn it folgjen fan lessen en teksten te besjen.
En dan wol ik eins ek noch op besite yn oare plakken yn Nederlân, lykas Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Ljouwert. Ik mei graach nei musea ta en keunstgaleryen, wat omkuierje yn ferskate parken, winkels en gewoan de arsjitektuer bewûnderje.
Dan wol ik ek allegear moaie foto's meitsje, sadat ik se nei myn broer en pake en beppe yn Oekraïne stjoere kin. Dan kinne sy ek wat genietsje fan al it moais yn Nederlân.
It liket my ek wol wat om workshops en kursussen te folgjen fan it simmer, mar ik kin noch net kieze. Miskien hat ien fan de lêzers fan dit deiboek in idee wat de meast nijsgjirrige aktiviteiten binne dy't ik dwaan kin? Ik hear it graach!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.