"It is ûnferdraachlik swier om sa fier fuort te wêzen fan myn famylje"
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 13: hoe giet it mei har famylje?
"Dizze kear wol ik fertelle hoe't it deistich libben fan myn famylje yn Oekraïne der no út sjocht.
Yn it begjin fan de oarloch slepte myn broer Roman yn it appartemint fan myn âlders yn Cherkassy, mar in pear wike lyn hat hy besluten om werom te gean nei syn appartemint yn Kiev.
Yn it begjin fan de oarloch slepte myn broer Roman yn it appartemint fan myn âlders yn Cherkassy, mar in pear wike lyn hat hy besluten om werom te gean nei syn appartemint yn Kiev.
Broer yn Kiev
De situaasje yn Kiev waard in lyts bytsje rêstiger en feiliger, mar der binne noch hieltyd sirenes en ûnferwachte eksploazjes fan raketten of minen.
It bedriuw dêr't Roman foar wurket is spesjalisearre yn energetyske en elektryske ferbiningen oer hiel Oekraïne. Dêrom bleau it bedriuw trochwurkjen om oan de gong te gean mei in plan foar de weropbou fan de stêden yn Oekraïne yn de takomst.
It bedriuw fan Roman is ek ferbûn oan ferskate frijwilligersorganisaasjes dy't jild sammelje foar medyske help foar bern en oare minsken dy't dit troch de oarloch nedich ha.
It bedriuw fan Roman is ek ferbûn oan ferskate frijwilligersorganisaasjes dy't jild sammelje foar medyske help foar bern en oare minsken dy't dit troch de oarloch nedich ha.
Myn broer is ek fan doel om te helpen by ien fan dy organisaasjes. Hy sil dwaande om de feilichheid fan de stêd te garandearjen. Dit dogge se troch minsken dy't de stêd ynkomme of fuortgean te kontrolearjen by kontrôleposten.
Dêrneist sil er helpe mei it kontrolearjen en distribuearjen fan de help dy't de stêd krijt fan de oerheid.
Dêrneist sil er helpe mei it kontrolearjen en distribuearjen fan de help dy't de stêd krijt fan de oerheid.
Dochs haw ik wol noed oer him, oer it frijwilligerswurk wat er by de kontrôlepost dwaan wol.
Earst tochten wy dat er miskien it leger yn moatte soe, mar dat liket net te gebeuren om't hy gjin ûnderfining hat mei gewearen of sjitten.
Dochs haw ik wol noed oer him, oer it frijwilligerswurk wat er by de kontrôlepost dwaan wol. Ik wit dat ik him toch net fan gedachten feroarje kin, dus as er dit echt dwaan wol, dan moat er dat dwaan.
Us pake en beppes binne noch hieltyd yn Cherkassy. Myn âlden en ik besykje altyd in soad kontakt mei harren te ha, sadat we witte dat alles goed mei harren giet.

Yn Cherkassy ha se it measte tal sirenes dat ôfgiet fan it hiele lân. Dit komt omdat de regio yn it sintrum fan Oekraïne leit en alle fleantugen en raketten oer de stêd komme.
Eksploazjes
It is hiel aaklik as ús beppe fertelt dat se eksploazjes heard hat by in stêd tichtby en jûns de flitsen fan de eksploazjes sjen kin.
Gelokkich is it oerdei in stik rêstiger en binne ús pake en beppes dwaande mei planten en blommen te kweken. Ik wie dan ek hiel ferromme doe't beppe Olga my in foto stjoerde fan blommen dy't se kweekt hie. It betsjut foar my dat se yn elts gefal in lyts bytsje ôflieding hat.
It is ûnferdraachlik swier om sa fier fuort te wêzen fan myn famylje, mar myn âlders en ik hâlde ús foar dat dit tydlik is en dat wy harren gau wer treffe kinne en hiele dagen mei mekoar wêze en prate kinne."