Omrop Fryslân

Deiboek fan Dariia: "It is somtiden hertferskuorrend om gedichten te lêzen"

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 12: Gedichten fan Oekraynske skriuwers.
"Ik wol dizze wike wat mear fertelle oer ferneamde histoaryske Oekraynske skriuwers. Ofrûne wike hie ik kontakt mei myn dosint en miste ik myn skoaldagen fan foar de oarloch ynienen hiel bot.
Troch dy gedachten bin ik gedichten lêzen gong. Myn dosint fertelde altyd mei in hiel soad passy oer eltse skriuwer. Ik fûn it altyd tige ynteressant om nei har ferhalen te harkjen, mar ek om myn eigen research te dwaan oer dizze minsken.

Hertferskuorrend

It is somtiden hertferskuorrend om gedichten te lêzen. Se omskriuwe situaasjes út it ferline, mar guon situaasjes barre no ek yn dizze oarloch.
Alle Oekraynske skriuwers ha in skokkend libbensferhaal, dy't folle binne mei lijen troch it politike systeem, ûnbeäntwurde leafde en tragyske dea.
Manlju en froulju wiene feriene yn kreative groepen, dêr't sy diskusjes hiene oer harren gedichten. Yn dizze gedichten skreaune se oer hoe't Oekraynske minsken en harren taal ûnderdrukt waarden troch it regear fan it Russyske Ryk.
Taras Shevchenko
© Omrop Fryslân
Ik tink dat de meast ferneamde Oekraynske skriuwer Taras Shevchenko is. Hy is in goeie dichter, skriuwer, artyst en polityk figuer.
Syn libbensoertsjûging wie om op te hâlden mei it skeinen fan de rjochten fan Oekraïners en it normalisearjen fan it gebrûk fan de Oekraynske taal yn keunst en ûnderwiis.
Hy wie faak yn ballingskip fanwegen syn skilderijen en gedichten dy't de Oekraynske kultuer beskreaunen. De slimste marteling wie net dat er opsluten wurde moast yn de finzenis, mar dat it him ferbean waard om te skriuwen en te skilderjen.
Minsken dy't lije ûnder it rezjym fan it Russyske Ryk en soartgelike ferhalen oer oarloch kin ik no folle better begripe.
Dariia
No wurde syn skilderijen brûkt as nasjonaal erfgoed en wurde sinnen út syn gedichten brûkt om de stânfêstichheid fan de Oekraynske naasje te toanen.
Troch dizze gedichten no te lêzen, kin ik folslein de gefoelens fan de minsken begripe dy't beskreaun wurde yn syn gedichten en teksten. Minsken dy't lije ûnder it rezjym fan it Russyske Ryk en soartgelike ferhalen oer oarloch, kin ik no folle better begripe."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.