Oekraynske Dariia wurdt 18: "Net tocht dat ik myn jierdei yn Nederlân fiere soe"
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op 'e Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 9: har achttjinde jierdei.
"Dizze wike wol ik oer myn jierdei en oer myn Oekraynske freonen fertelle.
Op seis maaie ha ik myn jierdei fierd. Ik bin achttjin jier wurden. In pear moanne lyn koe ik it my net yntinke dat ik myn jierdei yn Nederlân fiere soe. Moarns ha ik fideobelle mei myn broer, pake en beppes en mei al myn freonen. Ik wie hiel bliid om elkenien te sjen en mei harren te laitsjen. Ik ha myn freonen foaral in hiel soad mist. It fielde wol wat better dat ik mei se belje koe en se sjen koe.
Freonen noch yn Oekraïne
Doe't de oarloch begûn, hienen myn freonen en ik krystfakânsje. Wy ha in hiel soad tiid mei mekoar trochbrocht en hiene plannen om ek ús simmerfakânsje mei mekoar te wêzen. Neidat de oarloch begûn, binne ús plannen fernield en wie ús eigen feilichheid it iennige dêr't wy noch oan tinke koenen.
Alle dagen hienen wy kontakt troch mei mekoar te chatten, sadat wy hearre kinne oft ien fan ús help nedich hat. Wy ha it in soad oer it nijs en hoopje dat it gau allegear foarby is.
It grutste diel fan myn freonen hat derfoar keazen om yn Oekraïne te bliuwen, dêrom fertel ik sa in soad oer alle positive dingen dy't ik hjir yn Nederlân meimeitsje.
Bêste freondinne
Myn bêste freon Valeria wie de persoan dy't my in hiel soad stipe hat. Wy wienen altyd oan it praten fia de chat en fideobellen geregeld om in bytsje ôflieding te hawwen fan alles.
Nei in pear wike fan oarloch hat Valeria besletten om nei Poalen te gean. Se koe doe nei Australië fleane, nei har broer. Ik wie hiel besoarge doe't sy my foto's stjoerde fan de lange rigen mei auto's dy't wachtsje moasten om de grins oer te stekken. Se wie doe op it plak dêr't gefjochten elk momint úteinsette koene. Ik wie hiel benaud foar har.
Doe't se in skoftsje yn Poalen wie, bin ik ek mei myn mem flechte fia Poalen, nei Nederlân. Yn dy hektyske dagen woenen we noch wol besykje kalm te bliuwen. Dêrom stjoerden wy mekoar foto's fan arsjitektuer en de natuer fan de plakken dêr't we binne.
Mar doe't se fuortgie nei Australië waard it dreger om te kommunisearjen troch it tiidsferskil. Dêrom ha wy, spitigernôch, hieltyd minder kontakt.
Wy ha in moarnsbrochje mei harren iten, ik krige kadootsjes en de keuken wie sels fersierd foar my.
Op myn jierdei wie it even ekstra soer om't ik myn lêste jierdei mei Valeria tegearre fierd ha. Wy ha doe in hûs hierd, al ús freonen útnûge en ha dêr twa dagen west. Wy lústeren nei muzyk. swommen yn de rivier en praten in hiel soad.
Gelokkich ha ik hjir noch wol in hiele moaie dei hân. Nei it fideobeljen ha ik in lyts feestje hân mei de famylje Mintjes, ús gastgesin fan Beetstersweach. Sy kamen yn ús nije hûs op De Gordyk. Wy ha in moarnsbrochje mei harren iten, ik krige kadootsjes en de keuken wie sels fersierd foar my.
Dêrnei ha ik middeis mei myn Nederlânske freon Lente fuort west. Sy is de dochter fan de famylje Mintjes, ús gastgesin. Doe't ik by harren wenne, binne wy goeie freonen wurden. It liket somtiden wol oft we suskes binne. Wy ha te fytsen west en iis helle.
Barbecue mei oare famyljes
Oan de ein fan de dei ha ik mei myn âlden en de oare Oekraynske famyljes fan ús hûs op De Gordyk in barbecue hâlden.
Wy ha fleis en grienten iten, ha in soad mei mekoar praat en spultsjes dien yn de tún. It wie in noflike jûn, mei allegear blommen en kadootsjes foar my.
It grappige wie noch dat ek de gastfamyljes fan de oare Oekraynske famyljes nei ús ta kamen om my te felisitearjen. It wie sa ûnferwachts, mar tagelyk ek hertferwaamjend."