SC Cambuur fynt yn Feriene Steaten nije oanfaller

Silvester van der Water © ANP
Silvester van der Water moat de nije oanfaller fan SC Cambuur wurde. Hy wurdt tiisdeitemiddei medysk keurd troch de Ljouwerters.
Fan yn in klaaikeamer sitte mei fuotballers as Nani en Alexandre Pato nei in plak neist Jhondly van der Meer en Brett Minnema; it kin wierheid wurde foar de 25-jierrige bûtenspiler, dy't oerstappe kin nei Cambuur.
Cambuur sil in transfersom betelje moatte, om't Van der Water noch ûnder kontrakt stiet by it Amerikaanske Orlando City. Dêr is hy meispiler fan âld-topspilers Nani en Pato. In jier lyn makke Van der Water de oerstap fan Heracles Almelo nei Orlando City. Hy spile dêr lykwols net in soad.

Syktocht nei oanfallers

Cambuur hat oanfallend in jaske útdien en is drok op syk nei fersterkings. Mei it fuortgean fan Issa Kallon, Patrick Joosten en Tamás Kiss binne der trije bûtenspilers minder. Allinnich Remco Balk dy't hierd wurdt fan FC Utrecht, is dêr oant no ta foar werom helle. Dêr komt Van der Water dus by.
Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur wie net te berikken foar in reaksje.