Kees van Wonderen: "In elke linie wel een positie waar je een speler aan toe wilt voegen"

Kees van Wonderen by de earste training fan Hearrenfean © Orange Pictures
De nije trainer fan sc Hearrenfean, Kees van Wonderen, sette sneon de earste stappen op it fjild fan sportpark Skoatterwâld. Hy sjocht dat de seleksje noch lang net rûn is: "Eigenlijk in elke linie is er wel een positie waar je een speler aan toe wilt voegen."
Hearrenfean docht it de earste training mei in seleksje fan 24 spilers, wêrfan't twa spilers nij binne. Mats Köhlert, in fleugeloanfaller oerkaam fan Willem II en Andries Noppert, de keeper fan De Jouwer. Ek in âlde bekende stiet wer op it fjild: De Poalske ferdigener Pawel Bochniewicz rekke ferline seizoen yn de tarieding blessearre, mar is no werom.

Seleksje noch lang net rûn

Njonken in âlde bekende binne der ek in soad ûnbekenden op it fjild te sjen. Bygelyks Roan van der Plaat, Corné van Houwelingen en Kaj van der Veldt. Der binne mar leafst njoggen jonges út de seleksje fan Jong Hearrenfean dy't yn de tarieding meitraine. De seleksje is noch lang net rûn.
Sneon stie de earste training fan sc Hearrenfean op it programma:
Van Wonderen sjocht dan ek dat der noch in soad spilers by moatte: "Dat zijn vooral posities waar we niet niet goed bezet zijn. Vooral voorin. Daar hebben we nog niet genoeg spelers voor. En eigenlijk in elke linie is er wel een positie waar je een speler aan toe wilt voegen."
Dêrby moat fansels goed sjoen wurde nei de kwaliteiten fan nije spilers: "Als je een hele competitie ingaat, dan moet je goed bezet zijn en tegenslagen op kunnen vangen. Dus we zijn binnen wat we kunnen bij Heerenveen op zoek naar een zo goed mogelijke invulling van de selectie."
"Zo'n eerste training is altijd even wennen"
Yn de technyske stêf is der ek nochal wat feroare. Ole Tobiasen is wer assistint-trainer en Paul Simonis is meikaam út Deventer as assistint-trainer. Bewegingswittenskipper Jorran van Santen is ek oerkaam út Deventer. Johnny de Vries, âld-fuotballer fan Cambuur en Hearrenfean, is nij as fysioterapeut en ferfangt Thom van der Heide, dy't nei 35 jier mei pensioen giet. Jordy Kluitenberg is oerkaam fan PEC Zwolle as fideo-analist en ferfangt Thom Eising.

Tatort-akteur op de fleugel

Mats Köhlert tekene ferline wike in kontrakt by Hearrenfean. De 24-jierrige Dútser komt oer fan Willem II. Dêr spile hy foaral as linksbûten, mar hy kin ek spylje as linksback en as rjochtsbûten. "Ik denk dat je altijd één positie hebt die je het beste ligt. Maar in het moderne voetbal moet je flexibel zijn. Bij HSV heb ik veel rechts voorin gespeeld, maar ik speel bij Willem II veel op links gespeeld. Ook als linksback."
"Ik moest kiezen tussen voetballen en acteren"
As jonkje moast Köhlert kieze tusken fuotbalje of aktearre. Hy spile lytse rollen yn reklames fan Coca Cola en McDonald's. "Toen ik een kleine jongen was, heb ik kleine filmpjes gemaakt. Als acteur. Maar toen ik moest kiezen, was die keuze snel gemaakt."
Mar wêr soene we him fan kenne moatte? "Een paar reclames. En Tatort ja. Dat was hier wel populair toch? Ja, dat was heel leuk. Het was maar een kleine rol hoor."
Ferslachjouwer Roelof de Vries seach op de earste training fan sc Hearrenfean