200ste ynterlân Sherida Spitse: assist, miste penalty en ferlies tsjin Ingelân
Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits hat freedtejûn har 200ste ynterlân foar Nederlân spile. Yn Leeds waard mei 5-1 ferlern fan Ingelân yn in oefenwedstriid.
Spitse waard foar de wedstriid huldige troch de bûnscoach fan Ingelân, Sarina Wiegman. Wiegman wie jierrenlang bûnscoach fan Nederlân en wurke dêr gear mei Spitse, dy 't in grutte bosk blommen fan Wiegman krige.
Assist en penalty njonken
By de 0-1 foar Nederlân hie Spitse in grutte rol. De middenfjilder krige nammentlik in assist op har namme doe't har hoekskop healwei de earste helte binnenkopt waard troch Lieke Martens. Lucy Bronze makke der foar it skoft 1-1 fan mei in mislearre foarset.
Yn de twadde helte mocht Spitse nei goed fiif minuten in penalty nimme nei in oertrêding op Van den Donk. Spitigernôch skeat Spitse de bal op de peal, en skoarde Ingelân út de tsjinoanfal de 2-1. Ingelân rûn yn de lêste tweintich minuten fier fuort by de Oranjefroulju.
Nei 72 minuten waard Spitse wiksele troch bûnscoach Mark Parsons. Kerstin Casparij fan It Hearrenfean mocht yn de 80ste minút ynfalle.
Spesjale jûn
It wie in spesjale jûn foar Spitse, dy't fan bûnscoach Parsons de oanfierdersbân krigen hie. Har earste ynterlân spile Spitse, no 32 jier âld, op har sechstjinde. Ingelân wie ek doe de tsjinstanner. Boppedat siet Sarina Wiegman as bûnscoach op 'e bank by Ingelân, wylst se dêrfoar jierrenlang suksesfol gearwurke mei Spitse as bûnscoach fan Nederlân.
Op de tribune wiene de frou, heit en mem fan Spitse oanwêzich.
Rekôrynternasjonal
Sherida Spitse is al sûnt 2019 rekôrynternasjonal fan Oranje. Doe gie se Annemieke Griffioen (156 ynterlâns) foarby. Spitse spilet tsjintwurdich foar Ajax.
It duel tsjin Ingelân fan freedtejûn wie de ôftraap fan in drokke perioade foar de Oranjefroulju. Tiisdei spylje se in WK-kwalifikaasjeduel tsjin Belarus. Dêrnei folget op 2 july in oefenwedstriid tsjin Finlân, wêrnei't se op 9 july úteinsette mei it EK fuotbal yn Ingelân mei in wedstriid tsjin Sweden.