Omrop Fryslân

Nije bûnscoach Oranjefroulju debutearret mei lykspul en mei Spitse as reserve

De Nederlânske fuotbalsters binne de kwalifikaasjerige foar de wrâldtitelstriid begûn mei in lykspul. Tsjin Tsjechië kaam de favoryt yn de Euroborg fan FC Grins net fierder as 1-1. Sisca Folkertsma fan Sleat begûn yn de basis by Oranje.
© ANP Foto
Koart nei it skoft kaam Tsjechië op foarsprong tanksij Andrea Stasková. Yn de earste faze hie it thústeam al legio kânsen mist. Pas yn de 83e minút kaam Oranje lânsside, troch in doelpunt fan Vivianne Miedema.

Nije bûnscoach

It wie de earste wedstriid fan Oranje ûnder lieding fan Mark Parsons. De Ingelskman folge dizze simmer de suksesfolle Sarina Wiegman op as bûnscoach.
Parsons liet Sherida Spitse fan de bank ôf begjinne. Yn de 69e minút kaam de Friezinne yn it fjild foar Jackie Groenen. Kerstin Casparij fan It Hearrenfean siet foar it earst by de seleksje fan Oranje, mar krige freedtejûn noch gjin minuten.

Wrâldkampioenskip

De einronde wurdt yn 2023 spile yn Nij-Seelân en Australië. De folgjende wedstriid yn de rige fan Oranje is tsjin Yslân, kommende tiisdei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.