Nunumete langer by Sportklup Hearrenfean

Djenahro Nunumete © Orange Pictures
Sporklup Hearrenfean hat it kontrakt fan Djenahro Nunumete mei twa seizoenen ferlinge.
Nunumete makke yn augustus 2022 syn debút yn it earste alvetal fan klup. Hy spilet sûnt 2013 yn de jeugdoplieding fan Hearrenfean.
Neffens technysk manager Ferry de Haan hat Nunumete in goede ûntwikkeling trochmakke. Hoewol't hy ek as linksback fuotballe hat, sjocht De Haan Nunumete mear as in middenfjilder as in ferdigener.