SC Hearrenfean ferliest foar it earst dit seizoen
SC Hearrenfean is tsjin it earste ferlies fan dit earedifyzjeseizoen oanrûn. De thúswedstriid tsjin AZ waard mei 1-3 ferlern.
Hearrenfean like yn it begjin fan de wedstriid noch net hielendal skerp. Al yn de twadde minút krige AZ in goede kâns op de iepeningstreffer: Lucas Woudenberg spile de bal te koart werom op Erwin Mulder. Vangelis Pavlidis koe de bal ûnderskeppe. Hy passearre Mulder, mar syn skot gong der fia de peal en Sven van Beek net yn.
Twa goals binnen in kertier
Nei 11 minuten kaam Hearrenfean op foarsprong. Siem de Jong joech de bal foar. Van Beek koe koppe, mar de bal bleau wat hingjen en dêr stie Henk Veerman om de bal fan tichtby binnen te koppen: 1-0.
Hearrenfean koe lykwols net lang fan de foarsprong genietsje. Rodney Kongolo koe de bal yn earste ynstânsje noch fan de line helje, mar yn de rebound skeat Pavlidis de bal der wol yn: 1-1.
Dêrnei krigen beide ploegen kânsen om der noch ien te meitsjen. AZ wie noch it tichtst by, mar Mulder koe in skot fan Dani de Wit keare.
Flugge goal AZ
Nei it skoft kaam AZ op 1-2. Pavlidis lei de bal breed en Aslak Fonn Witry skeat de bal knap binnen. Jesper Karlsson hie it dêrnei noch slimmer meitsje kind foar Hearrenfean, mar hy skeat njonken.
Hearrenfean krige dêrnei hast gjin mooglikheden. Siem de Jong hie noch in skot yn it sydnet, mar dat wie it dan ek wol.
De Wit beslist de wedstriid
AZ koe noch wolris skoare. Tijjani Reijnders spile Milan van Ewijk út. Reijnders joech de bal goed foar en Dani de Wit koe ienfâldich binnentikje: 1-3.
Troch it ferlies stiet Hearrenfean no op it fyfde plak yn de earedifyzje.
SC Hearrenfean - AZ 1-3 (1-1) 11. Henk Veerman 1-0, 14. Vangelis Pavlidis 1-1, 50. Aslak Fonn Witry 1-2, 88. Dani de Wit 1-3.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg (85' Nunumete); Kongolo (76. Van der Heide), Halilovic, J. Veerman; Stevanovic (57. Nygren), H. Veerman en De Jong.