Fuotbalsters Oranje fertsjinje tenei selde as manlju

Sherida Spitse © ANP
De Fryske fuotbalsters Sherida Spitse en Kerstin Casparij krije tenei by Oranje deselde finansjele beleanning as manlju fan it Nederlânsk alvetal. De KNVB lûkt de fergoeding gelyk.
It giet dan om it jild dat de ynternasjonals krije foar ûnder oare namme en portretrjochten. De ôfrûne jierren dienen oare lannen as de Amearika, Noarwegen, Ingelân, Brazilië en koartlyn Spanje al it selde.
De nije finansjele ôfspraken gean foar de froulju op 1 july yn, krekt foar it EK yn Ingelân.

Mindere merkwearde

Keepster Loes Geurts fan Hichtum is bliid mei dizze stap. "Het is fantastisch nieuws. Het heeft even geduurd, maar beter laat dan nooit. Het is een grote stap in de goede richting."
Dat is sa lang duorre hat, hat neffens Geurts mei twa saken te krijen. "Het verschil tussen mannen en vrouwen in het algemeen is nog wel duidelijk. Daarnaast hebben we als vrouwenploeg een hele tijd een mindere marktwaarde gehad dan de mannen."

Earste stap

Neffens direkteur Jan Dirk van der Zee fan De Gordyk is dit "in earste stap". De KNVB hopet dat ek toernoaipreemjes - dy't by EK's en WK's fêststeld wurde troch respektyfljk de UEFA en FIFA - en mediajilden foar froulju flink omheech gean. It giet dan ûnder mear om it jild dat binnenkomt fia de ferkeap fan tv-rjochten.
"We hawwe hjir mei elkoar hurd nei ta wurke en no is it in histoaryske stap foar it Nederlânske frouljusfuotbal", seit Van der Zee. De Liuwinnen binne net mear fuort te tinken út it lanlike fuotballânskip. We wolle dat hjir ek mei ûnderstreekje."
De fuotbalsters wûnen yn 2017 it EK yn eigen lân en berikten twa jier letter de finale fan it WK. Ferline jier dienen se foar it earst mei oan de Olympyske Spelen.