Omrop Fryslân

Friezinne Casparij foar de earste kear yn de basis by fuotbalfroulju Oranje

Fuotbalster Kerstin Casparij fan It Hearrenfean mocht sneon foar de earste kear yn it basisalvetal fan it Nederlânsk fuotbalteam begjinne. De WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Tsjechië einige yn 2-2 en Casparij mocht 86 minuten meidwaan.
© Orange Pictures
Sherida Spitse die 90 minuten mei yn it duel tsjin de Tsjechen. Nederlân kaam oant twa kear ta op efterstân, mar troch doelpunten fan Daniëlle van de Donk en Stefanie van der Gragt waard it dochs noch lyk. It lêste doelpunt foel djip yn blessueretiid.
De wedstriid stie eins foar freedtejûn op it programma, mar troch snie wie it fjild yn Ostrava doe net bespylber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.