Ald-grinsrjochter Jan Dolstra oer syn hichtepunt: "Ik krige in hân fan Maradona"

© Omrop Fryslân
Ald-grinsrjochter Jan Dolstra hat ôfrûne wike ôfskied naam fan fuotbalbûn KNVB. As 'talintbegelieder' wie de 70-jierrige Dolstra de lêste jierren ferbûn oan it team fan ynternasjonaal toparbiter Danny Makkelie.
Dolstra hearde yn de jierren '80 sels ta it korps fan earedivyzjeskiedsrjochters, mar ynternasjonaal makke hy benammen furoare as assistint-skiedsrjochter. Sa wie hy as grinsrjochter aktyf op it EK '92 yn Sweden, it WK '94 yn Amearika en it EK '96 yn Ingelân.
Mei dy ûnderfining gie Dolstra letter oan de slach by de KNVB. Sa wie hy de lêste jierren ferbûn oan it team fan topskiedsrjochter Danny Makkelie, dêr't er grinsrjochters Jan de Vries en Hessel Steegstra byspikere. Beide Fryske grinsrjochters komme letter dit jier yn aksje op it WK yn Katar.
Dolstra belibbe sels syn sportive hichtepunt yn 1994 by it WK yn Amearika. Dêr flagge hy by fiif wedstriden, ûnder mear de wedstriid tusken Argentinië en Grikelân. By de Argentinen wie Diego Maradona doe de grutte man. "Jawis, hy hat my in hân jûn, hy wie oanfierder. Mar hy kaam net nei my ta fan: 'Hey Jan, do hjir ek'."

De lêste wedstriid fan Maradona

Nei ôfrin die bliken dat it de lêste wedstriid fan Maradona wie. "Letter waard hy pakt op kokaïne. Hy skoarde dy wedstriid in goal en hy hie doe al hiele grutte eagen."
Dolstra wie yn dy jierren de assistint fan Mario van der Ende. Se dienen letter noch de achtste finale tusken Spanje en Switserlân, mar moasten dêrnei nei hûs.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Mei Jesse Rozendal hat Fryslân no ien skiedsrjochter yn it betelle fuotbal. Takom jier komt dêr Wouter Wiersma út Drachten by. In soad Fryske skiedsrjochters yn it betelle fuotbal hat Fryslân eins nea hân. "Dat is wol sa, mar it is ek net maklik", seit Dolstra.

Cambuur wol jonge keeper

Ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber beprate ek it lêste nijs om Hearrenfean en Cambuur hinne. Neffens De Vries binne der gjin klups dy't harren meld hawwe foar bygelyks Milan van Ewijk of Thom Haye.
Hearrenfean sil nei alle gedachten ôfskie nimme fan alle hierlingen. Madsen is te djoer, Musaba sil it besykje by Monaco en Stevanovic hat te hearren krigen dat hy fuort mei. Wol besiket Hearrenfean Van Hooijdonk te behâlden, mar dat hinget noch fan syn wurkjouwer Bologna ôf.
By Cambuur binne se neffens Faber drok mei in keeper. De doar stiet noch altyd iepen foar in nij kontrakt foar Sonny Stevens. Henk de Jong hat yntusken mei him praat. Cambuur hopet op koarte termyn in jonge keeper te presintearjen. "En dan wol Cambuur graach in keeper mei mear ûnderfining derby hawwe."
SportCast mei Jan Dolstra