Foarearst op sneon minder treinen tusken Ljouwert en Grins om personielstekoart

In trein fan Arriva © ANP Foto
Der ride fan sneon ôf foarearst minder treinen tusken Ljouwert en Grins. Ferfiersbedriuw Arriva nimt dy maatregel fanwege de personielskrapte.
De krapte is it gefolch fan sykte, simmerferlof en opliedingen fan it personiel. Der ferfalt ien sneltrein yn de oere. It giet om de rit mei stop yn Feanwâlden en Súdhorn.
Freed ferfalle nei alle gedachten ek ritten, mar hokker dat binne, is noch net bekend. Minsken kinne yn de reisplanner sjen hokker treinen wol ride.
Arriva riedt reizgers oan om bûten de spits om te reizgjen, omdat de treinen dy't wol ride mooglik foller sitte.