Bussen bliuwe yn remize: "Kinst miskien wol fuortkomme, mar net werom"

Busstasjon yn Ljouwert © Kappers Media
Sjauffeurs yn it streekferfier lizze dizze freed it wurk del. Yn Ljouwert, op It Hearrenfean en yn Dokkum bliuwe de bussen yn de remize.
De stakingen binne ûnderdiel fan lanlike estafettestakingen. Sûnt tiisdei wurdt der tolve dagen lang op ferskate plakken staakt. Neffens Arriva rydt 80 oant 85 prosint fan de bussen wol.
Bussen bliuwe yn remize fanwege staking sjauffeurs
Andries de Jong is sjauffeur en kaderlid fan fakbûn FNV. Hy fangt de stakers op en skriuwt se yn. "De animo ûnder de stakers is aardich grut hjir op It Hearrenfean en ek yn Ljouwert en Dokkum."
Hy wit net krekt hoefolle bussen oft der útfalle. "Op It Hearrenfean binne fan 'e moarn noch mar seis bussen fuortgien. Kinst miskien wol fuortkomme, mar kinst miskien net weromkomme."
Andries de Jong
It CNV hat de nije cao wol tekene, mar it FNV net. "We ha tefolle ferskillen dêr't we it net oer iens binne. Yn 2020 is gjin leansferheging frege om in fatsoenlike regeling foar âlderen te krijen, dat dy der earder út koenen. Mar dat is noait tekene."
Omdat de impact fan de stakingen yn Fryslân net dúdlik is, advisearret ferfierder Arriva reizgers om in alternatyf te sykjen foar it busferfier. Wa't wol de bus brûke wol, kin op de reisplanner fan de ferfierder sjen.
It giet net allinne om jild, de wurkdruk spilet ek mei. "We kinne der no al net tsjin ride. Fan in plak as Spannenburch ha se wer minuten ôfhelle, dus as we fan De Lemmer komme en de brêge stiet omheech, dan komme we net op tiid. En de passazjiers misse har oansluting wer. Wy krije de folle laach, wylst we der ek neat oan dwaan kinne."

Rekken hâlden mei eineksamens

Der is keazen om net te riden. "We ha ek wolris klantfreonlike aksjes hân, dat minsken net hoegden te beteljen mar dat mei net. Dan binne we strafber."
Se ha al bewust net earder staakt fanwegen de eineksamens. "Yn de wike fan de hereksamens stake we ek net. We wolle net dat dy bern dêr de dupe fan binne."