Omrop Fryslân

Joost van Aken ferlinget kontrakt by sc Hearrenfean mei ien seizoen

Joost van Aken
© Orange Pictures
Joost van Aken (28) bliuwt by sc Hearrenfean. Hy tekenet in kontrakt foar ien seizoen. De ferdigener kaam fan it winter werom nei Fryslân nei in Ingelsk, Dútsk en Belgysk aventoer.
Van Aken spile nei de winterstop trije duels yn it pompeblêdeshirt. In wichtich momint wie syn doelpunt yn de lêste sekonde fan de Fryske derby.
Technysk manager Ferry de Haan tinkt dat Van Aken in wichtige spiler foar it team wurde kin. "Toen we Joost afgelopen winter naar de club haalden, wisten we dat we hem de tijd moesten geven om weer echt fit te worden."
"Helaas was die tijd er niet altijd, waardoor hij sneller dan gepland fysiek belast werd en uiteindelijk licht geblesseerd raakte. Deze zomer draait Joost vanaf de voorbereiding mee om in het tempo van alle andere spelers weer wedstrijdfit te worden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.