Ugur Yildirim, âld-wrâldkampioen frije trapen, komt werom by sc Hearrenfean
Ugur Yildirim wurdt de nije trainer fan sc Hearrenfean ûnder 18 jier. De yntusken 40-jierrige Yildirim waard yn 2004 as spiler fan sc Hearrenfean wrâldkampioen frije trapen nimme.
Yildirim hat sân jier trainer west yn 'e jeugdoplieding fan Go Ahead Eagles. "Ik heb alle jeugdelftallen daar gehad", seit er. Yildirim sil by de ûnder 18 foar in part Joey van den Berg as assistint krije.
Tafal
Nei Kees van Wonderen, Paul Simonis en Andries Noppert is Ugur Yildirim de fjirde dy't de oerstap makket fan Go Ahead Eagles nei it Abe Lenstra Stadion, mar neffens technysk manager Ferry de Haan is dat tafal.
"Kees van Wonderen heeft zich hier op geen enkele wijze mee bemoeid. Yildirim komt uit de koker van Marcel van Buuren (haad jeugdoplieding, red.). En ik juich het alleen maar toe dat oud-spelers terugkeren naar hun oude club, die hebben toch een streepje voor."
Ynternasjonal
Yildirim spile tusken 2004 en 2007 foar SC Hearrenfean en makke benammen yn syn earste twa seizoenen in soad yndruk. Hy foarme mei Klaas-Jan Huntelaar in gefaarlik duo. Yildirim as oanjouwer, Huntelaar de ôfmakker.
Ek skoarde hy faak út frije trapen. Fanwege dat spesjalisme mocht Yildirim ein 2004 meidwaan oan it (ienmalige) WK frije trapen yn Marbella. Dêr wûn er, foar de Frânske superstjer Zinedine Zidane. Mei syn wrâldtitel fertsjinne Yildirim in auto.
Hy waard troch Marco van Basten sels oproppen foar Oranje en spile op 9 februaris 2005 syn iennige ynterlân tsjin Ingelân (0-0).
Ik heb veel geleerd van Gertjan Verbeek.
Yn syn tredde jier by Hearrenfean krige Yildrim it regelmjittich oan 'e stôk mei trainer Gertjan Verbeek. Mar as Yildirim weromsjocht op dy perioade hat er foaral in soad opstutsen fan Verbeek.
"Ik ben intussen mijn wilde haren wel wat kwijtgeraakt", laket Yildirm. "Gertjan was altijd recht voor zijn raap en dat probeer ik ook te doen. Dat is niet altijd leuk om te horen, maar dan weet de speler wel gelijk waar hij aan toe is."
"Ik ben intussen mijn wilde haren wel wat kwijtgeraakt", laket Yildirm. "Gertjan was altijd recht voor zijn raap en dat probeer ik ook te doen. Dat is niet altijd leuk om te horen, maar dan weet de speler wel gelijk waar hij aan toe is."