Hans Schrijver nije trainer frouljusteam sc Hearrenfean

Hans Schrijver © Orange Pictures
Hans Schrijver wurdt de nije haadtrainer fan de froulju fan sc Hearrenfean. Hy wurdt de opfolger fan Roeland ten Berge, dy't nei fiif jier ôfskied nimt.
Schrijver hat in protte ûnderfining as fuotbaltrainer, mar hat noch nea foar in frouljusalvetal stien. Op it stuit is Schrijver noch ynterim-trainer by Harkemase Boys.
De Boys spylje saterdei har lêste kompetysjewedstriid fan dit seizoen. Dêrnei kin Schrijver him hielendal rjochtsje op de froulju fan sc Hearrenfean.
Foarsitter Jessica Roosenburg oerlanget Schrijver in sc Hearrenfean-shirt © sc Hearrenfean
Schrijver wie earder aktyf as trainer by Snits Wyt Swart, SC Genemuiden en yn de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean en Cambuur. Oant 2018 wurke er as talintcoach fan ONS Snits. Doe gong er oan de slach foar Sheffield Wednesday.
"Ik vind het altijd leuk om een uitdaging aan te gaan en dit is een mooie kans", fertelt er. "Ik wil graag een bijdrage leveren aan de ontwikkeling van het vrouwenvoetbal in het noorden en bij sc Heerenveen Vrouwen krijg ik nu die mogelijkheid."
Foarsitter Jessica Roosenburg is wiis mei de komst fan Schrijver: "Wij denken dat Hans heel goed past bij onze club, waar we nu staan en waar we naar toe willen."