Tsjerkwert stelt hûs beskikber foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen

Stichting Windkracht Tien stelt yn Tsjerkwert in hûs beskikber foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen. It hús wie eins bestimd foar de eigen jongerein, mar de oarloch yn Oekraïne hat alles feroare.
Windkracht Tien is in stichting fan boeren en it doarp, dy't jild krijt fan de ynkomsten fan de wynmûnen yn it doarp. Tjerkwerters hawwe it hûs opknapt en ek ynrjochte. Underdak biede oan Oekraïners wie yn earste ynstânsje net it doel fan de oankeap, fertelt Marja Verzijlberg.
"Der wie in hûs frij. Dat koe Windkracht Tien foar it doarp keapje, der waard tocht dat it miskien wol handich is om it hûs te hâlden foar de jongerein." Sa hat de stichting it hûs kocht. "Om it te ferkeapjen oan minsken út Tsjerkwert."

Oekraïners helpe

Mar de oarloch yn Oekraïne is it doarp ek net ûntgongen. "Wat kinne wy dwaan foar de minsken yn need?", fregen de Tsjerkwerters harren ôf, seit Verzijlberg. "Der binne in soad organisaasjes yn Fryslân dy't der al mei oan de gong wiene, en wy tochten, kinne wy noch wat dwaan? Yn de tuskentiid soenen der Oekraïners wenje kinne."
En dat is der ek fan kaam. Fia de tsjerke kamen se út by Oekraïners dy't no noch yn Dútslân opfongen wurde. "Der wurde seis Oekraïners opfongen dy't út de Donetsk regio wei komme", fertelt Verzijlberg. "Sy sitte no yn Stuttgart, dêr't se mei har seizen ien keamer diele."
"Kommend wykein wurdt it hûs skjinmakke en ynrjochte, en dan moandei hoopje we de minsken op te fangen."
Yn it doarp en omkriten wurdt direkt meitocht mei de flechtlingen. "Der is in kapper yn Boalsert dy't stiet te springen om in kapster, en ek in skjinmakbedriuw dy't helpe wol."
Marja Verzijlberg oer it hûs foar Oekraïners yn Tsjerkwert