Groene Ster Duurzaam by Ried fan Steat: 'Nederlânske natuerregels doge net'

It festival Psy-fi yn 2016 © ANP Foto
Foarsitter Theo van Gelder fan Groene Ster Duurzaam hopet dat de Ried fan Steat ris fierder sjocht as de Nederlânske Natuerbeskermingswet en rjochtstreeks Europeeske ferdraggen tapasse sil dy't folle stranger binne.
Van Gelder sei dit tiisdei yn Den Haag tsjin trije rjochters fan de Ried fan Steat.
Dy moatte in beslút nimme oer sân hanthaveningsfersiken dy 't Stichting Groene Ster Duurzaam yn 2018 om 'e nocht by de provinsje yntsjinne. De saak is lang lizzen bleaun troch wurkdruk by de Ried fan Steat en de coronakrisis.

'Puinhoop'

"Het is daar in 2018 met die evenementen een ongelooflijke puinhoop geworden", sei Van Gelder. "Er is gekampeerd tussen de bosschages, de roekenkolonie die er was is verdwenen. Door verkeerd maaien verdween de waterspitsmuis en de verbodsborden om er 's nachts te verblijven of te kamperen zijn nog steeds niet teruggezet."
In wurdfierster fan de provinsje, dy't yn dizze hanthaveningssaken de tsjinpartij is, wie der koart oer. "Er zijn geen overtredingen geweest." Neffens de provinsje hat Groene Ster Duurzaam ek gjin belang mear. 2018 is nammentlik al lang foarby.

Takomst

De Ried fan Steat wie benammen ynteressearre yn de takomst fan De Griene Stjer. Troch prosedueres binne nammentlik de organisatoaren fan grutte eveneminten as Welcome to the Village ôfheakke. Muzykfestival Psy-Fi is der noch wol ein fan de simmer.
De provinsje seit dwaande te wêzen mei in evenemintebelied. Dat is no noch yn de konsept-faze. Der wurdt noch oerlis oer fierd mei de belutsen gemeenten. Foar de simmer moat it fêststeld wêze.

'It kin dêr gewoan net'

Groene Ster Duurzaam wol ôf fan eveneminten. "Het grenst aan een Natura 2000-gebied en ligt tussen twee kernen. Het kan daar gewoon niet", sei Van Gelder. "We willen de gemeente graag helpen met het vinden van een nieuwe locatie. In Friesland hebben we duizenden hectares Engels raaigras waar niets groeit."
De útspraak is oer in pear wiken.