Aksjegroep bliuwt him fersetten tsjin festivals yn de Griene Stjer

Stichting Groene Ster Duurzaam bliuwt him fersetten tsjin festivals yn de Griene Stjer yn Ljouwert. Dat skriuwt de stichting yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert.
Welcome to The Village © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De organisearjen fan festivals yn it gebiet soarget al jierren foar diskusjes. Ferline jier waard it festival Welcome to The Village skrast, nei't de rjochter de fergunning fan it festival ynluts, in wike foardat it plakhawwe soe. Oanlieding wie in klacht fan de aksjegroep oer mooglike skea oan de natuer.
Twa wiken lyn liet it kolleezje fan B en W witte dat Ljouwert, nettsjinsteande juridyske ôffallers, de ambysje hâldt om festivalstêd te bliuwen, ek yn de Griene Stjer.
Yn in reaksje dêrop lit Groene Ster Duurzaam witte dat se it dêr net mei iens binne. Mocht der in fergunning ôfjûn wurde foar in grutskalich evenemint, dan "zullen wij daar vanzelfsprekend tegen opkomen", skriuwt de stichting.

Groene Ster Duurzaam

De stichting besiket eveneminten yn it gebiet al langer tsjin te hâlden. Se soene soargje foar skea oan de natuer, omdat se holden wurde yn it briedseizoen. Omwenners sizze ek dat se lêst ha fan it lûd.