Nederlân op it strafbankje by Unesco oer mynbou Waadsee
Unesco fynt net dat der gas wûn wurde kin ûnder de Waadsee
Ynternasjonale organisaasjes lykas Unesco binne der net fan oertsjûge dat de plannen foar gaswinning by Ternaard en de al besteande sâltwinning ûnder it Waad gjin kwea kinne foar de natuer.
De IUCN, in ûnôfhinklik adviseur fan de Unesco hat hjiroer in advys útbrocht.

De Twadde Keamer hie om dat advys frege. Yn maart is dat advys by it ministearje fan LNV oankaam, want dat moat in beslút nimme oer de natuerfergunning foar de gaswinning by Ternaard.

De brief fan Unesco mei it advys is dúdlik: "Op basis fan de ynformaasje dy't wy krigen hawwe, is it foar de IUCN net mooglik de konklúzje te stypjen dat it gaswinningsprojekt by Ternaard gjin ynfloed hawwe sil op de bûtengewoane universele wearden fan it gebiet."
Dit is een stormbal die gehesen wordt, seit Frank Petersen (Waadferiening) oer it Unesco-advys
Sterker noch: Unesco skriuwt ek dat sy op de kommende gearkomste fan de 'World Heritage Committee' de mynbouaktiviteiten ûnder it Waad besprekke sille, omdat it in bedriging foarmje kinne foar it wrâlderfgoedgebiet.
Yn gefaar
It is in earste stap om de Waadsee op in list te setten mei bedrige wrâlderfgoedgebieten, sa lit de Waadferiening yn in earste reaksje witte. Nederlân stelt it beslút oer de gaswinning by Ternaard no út. Dat soe earst foar de simmer noch komme, mar wurdt no oer de simmer hinne tild.