Wjukken wynpark Nij Hiddum-Houw te sjen: "Landschap van de 21e eeuw"

Wjukken wynpark Nij Hiddum-Houw te sjen: "Landschap van de 21e eeuw"
It nije wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by Surch is sûnt dit wykein sichtber yn it lânskip. De wjukken fan de earste wynmûne binne pleatst.
It doel is dat it wynpark ein dit jier hielendal klear is. Ofrûne wike waarden de wjukken mei in spesjaal transport nei Surch brocht. Fan de 16 âlde lytsere wynmûnen binne de measten al ôfbrutsen.

'Effisjinter en rêstiger'

It nije park bestiet út 9 grutte eksimplaren. Neffens wurdfierder Robert Portier fan enerzjybedriuw Vattenfall is it tige wichtich. "De oude windmolens produceerden samen minder dan de negen nieuwe. Dus is vervanging simpelweg efficiënter."
Boppedat soe de nije situaasje better wêze foar it byld. "Zestien of negen molens in een landschap, dat is nogal een verschil. Bovendien draaien de grote molens langzamer en dat voelt wat rustiger voor de omgeving."
Dit hoort bij het landschap van de 21ste eeuw.
Robert Portier (Vattenfall)
It wynmûnepark leveret enerzjy foar 46.000 húshâldens. Mei de blêden derby binne se 177 meter heech en fan fier te sjen: "Ik kan me voorstellen dat niet iedereen het mooi vindt. Maar we willen met z'n allen van het gas af en willen duurzame energie. Dit hoort bij het landschap van de 21ste eeuw."
Ien fan de mûnen fan it nije wynpark © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De grutte wynmûnen binne in plan fan de provinsje. It plan hat al jierren lyn stal krigen. Hjoeddeistige wynmûnen smite hieltyd minder megawatts op, seit de provinsje. Dat komt trochdat se âlder wurde. Boppedat is de ferwachting dat lytsere wynmûnen ferdwine sille.
De bou fan it nije wynpark hat lang op him wachtsje litten. Der wie in soad ferset tsjin, mar yn jannewaris 2020 skode de Ried fan Steat de beswieren fan tafel.
Wjukken fan ien fan de nije wynmûnen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust