Omrop Fryslân

Advys oan Fryske oerheden: "Sjoch opnij nei mooglikheden foar wynmûnen op lân"

De kâns dat de diskusje oer it pleatsen fan wynmûnen op it lân wer weromkomt yn de Fryske polityk is grut. Neffens in rapport fan twa advysburo's oer de takomst fan de Fryske enerzjyfoarsjenning oan de Regionale Energie Strategie (RES) docht Fryslân der goed oan om opnij te sjen nei de mooglikheden.
© Omrop Fryslân
Sûnder nije wynmûnen op it lân wurdt it folle dreger om de Fryske ambysje om enerzjyneutraal te wurden te heljen, sa stiet yn it rapport. "Miskien is mear wynmûnen op lân wol in goed idee", seit deputearre Sietske Poepjes yn in earste reaksje. "Adviseurs meie dat fine, mar je moatte ek nei oare belangen sjen, lykas it oansjen fan it Fryske lânskip. It is yn alle gefallen net it belied fan dit provinsjaal bestjoer."
Poepjes ûnderstreket dat ek oare enerzjyfoarmen en nije technyske ûntwikkelingen folop kânsen biede foar it Fryske enerzjysysteem yn de takomst. Poepjes tinkt dan oan akwatermy, it winnen fan enerzjy út wetterwaarmte. Ek tinkt se oan it opslaan fan duorsume enerzjy fan bygelyks sinnepanielen yn batterijen en oan it ferbetterjen fan it Fryske enerzjynet.
Der lizze moaie kânsen yn Fryslân foar sinne-enerzjy, in swierder elektrisiteitsnetwurk, wetterwaarmte en grien gas.
Deputearre Sietske Poepjes
Boppedat kinne grien gas en wetterstof in wichtige bydrage leverje. "Der lizze moaie kânsen yn Fryslân foar sinne-enerzjy, in swierder elektrisiteitsnetwurk, wetterwaarmte en grien gas", seit Poepjes. Se ferwachtet ek in soad fan nije batterijtechniken, wêrmei't opwekte sinne-enerzjy op eigen hiem opslein wurde kin.
Om de enerzjytransysje yn goeie banen te lieden, hawwe de advysburo's fiif ûnderskate senario's útwurke. It is oan de Fryske oerheden om mei de advizen oan de slach te gean.
Poepjes ferwachtet ek dat mear partikulieren oergean sille ta it pleatsen fan in waarmtepomp. "It koste gemeentes earder in soad muoite om minsken te oertsjûgjen fan sa'n waarmtepomp, mar mei de enerzjyprizen fan no wurdt ek in waarmtepomp hieltyd nijsgjirriger. Ik soe sels ek wol in waarmtepomp hawwe wolle."
Harkje nei enerzjydeputearre Sietske Poepjes

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.