Omrop Fryslân

Fryske oerheden: "Wenwiken moatte foarrang krije yn stroomnet"

De stroomfoarsjenning fan wenwiken hat mear prioriteit as it weromleverjen fan elekrisiteit oan it net, fine provinsje Fryslân en de gemeenten. Netbehearder Liander hie om advys frege.
Deputearre Sietske Poepjes
© Omrop Fryslân
Dat advys is jûn troch it bestjoerlik oerlis RES Fryslân (dêr't ûnder oare de provinsje en gemeenten yn sitte).
Liander wurket op it stuit hurd oan de oanpassing fan it stroomnetwurk yn de provinsje, om de problemen oant 2025 op te lossen. No komt it foar dat bygelyks bedriuwen lang wachtsje moatte op in oansluting of dat sinneparken net oansletten wurde kinne op it net.

"Ferlet fan nije wenwiken"

De provinsje wol dat de fokus leit op it leverjen fan stroom. Deputearre Sietske Poepjes: "Om it swart-wyt te stellen wolle wy der wis fan wêze dat minsken stroom krije. Dat as sy fan it gas ôf wolle, der in alternatyf is. Der is boppedat ferlet fan nije wenwiken. Minsken hawwe it dreech om in hûs te finen. Dêrom moat dêr prioriteit lizze."
Liander oan it wurk
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It liket tsjinstridich oan alle ambysjes dy't de provinsje hat op it mêd fan de enerzjytransysje. "Dat kloppet, sa liket it al", seit Poepjes. "Wy sizze allinnich net dat dy net trochgean moatte. Nim bygelyks in boer mei ambysjes om sinnepanielen te lizzen. As hy dat leverje kin oan in doarp yn de omkriten, dan moat it trochgean. Is it foar it net, dan moat hy in dúdlike datum krije fan wannear't de oansluting komt."

Kommunikaasje moat better

De kommunikaasje fan Liander moat dêryn dúdlik better, fynt de deputearre. Dat jout minsken ek it betrouwen om te ynvestearjen.
Liander hat oanjûn it advys mei te nimmen yn syn oerwagingen en hopet healwei april dúdlikens te jaan oer mei hokfoar projekten it mei prioriteit oan de gong giet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.