Omrop Fryslân

Tûzenen Fryske learlingen begjinne oan eksamens: "Lêste fragen wiene maklik"

Spannende tiden foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis, want se binne tongersdei begûn mei de eksamens. Se kinne kieze út twa tiidfakken om de eintoets te meitsjen. Dizze earste is oant en mei 30 maaie.
In spannende tiid foar dizze learlingen yn Burgum:
Op allegear middelbere skoallen dogge learlingen eksamen. Op de earste dei is dat foar de fakken Nederlânsk, biology, ierdrykskunde en muzyk. Ek Dútsk foar de havo stiet op it programma. Lykas op de HAVOtop yn Burgum fan de skoallemienskippen Liudger en Singelland.
"Ik ha der in better gefoel oer as ik fantefoaren tocht hie", seit Herko Mook. "Ik hie wol muoite mei it ynfoljen fan fuortlitten wurden. Dat hie ik wol ferwachte. Foar de rest wie it aardich te dwaan."

Eksamentraining

"Ik fûn it hiele eksamen wol dreech, mar de lêste pear fragen wienen hiel maklik", seit Sigrid Swart. "It wienen gewoan fragen dy't yn de tekst stienen. En dat moast dan gewoan antwurdzje."
Hûnderten learlingen ha dit jier gebrûk makke fan eksamentraining. En dat hat se holpen. "It is ek wol handich, want it jout je mear selsbetrouwen", mient Sigrid.

Wereksamens

Oant 30 maaie is de earste rige eksamens. De twadde begjint op 13 juny. En dêrnei is der yn july noch in perioade foar wereksamens.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.