Hieltyd mear Fryske famkes dogge eksamen yn eksakte fakken

Hieltiten mear Fryske famkes dogge eineksamen mei in bêtaprofyl. Dat docht bliken út ûndersyk op grûn fan gegevens fan de Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO).
© ANP
Ferline jier hie in goed 23 persint fan de froulike eineksamenkandidaten in technysk fakkepakket mei natuerkunde, skiekunde of technyk. Dat is in taname fan fiif persint ferlike mei fiif jier earder. Yn de gemeente Harns keazen famkes it faakste foar in bêtafakkepakket: mear as in tredde part.
It ûndersyk is útfierd troch online opliedingsynstitút Laudius. Sy setten de profylkar fan eineksamenkandidaten op in rychje. By de Fryske jonges is de ynteresse yn technyske fakken ek tanaam, mar minder bot as by fammen.