Johnny Jansen kritysk op belied by Hearrenfean: "Ik heb flink ruzie gemaakt"

Johnny Jansen makket him soargen oer hoe't sc Hearrenfean mei syn minsken omgiet. Yn jannewaris krige Jansen dien as trainer. De klup hat net earlik tsjin him west, fynt er.
Johnny Jansen © Orange Pictures
Jansen spruts syn soargen út yn de SportCast, de wyklikse podcast fan Omrop Fryslân oer it betelle fuotbal. Dêr wie de âld-trainer de dei nei de Fryske derby te gast. Yn it petear giet it oer de wedstriid, mar praat Jansen ek oer Ferry de Haan, Cees Roozemond en oer syn relaasje mei Henk en Joey Veerman.
Noch even twivele Jansen. Sjoch ik de Fryske derby yn it stadion? "Want ik ben toch supporter." Mar hy keas der dochs foar de wedstriid op telefyzje te sjen. "Naar het stadion komen vind ik toch te pijnlijk."
Beharkje de SportCast mei Johnny Jansen:
Dat hat earst en foaral dochs te krijen mei syn ûntslach yn jannewaris en mei de wize wêrop't dat gong. Eins begûn it al yn de simmer fan 2021.

Werom yn de tiid

Johnny Jansen wurdt yn april 2019 einferantwurdlike by sc Hearrenfean, earst noch as ynterim-trainer. Dy simmer wurdt er beneamd as haadtrainer. Yn it earste seizoen giet it goed. Mar op it stuit dat Hearrenfean echt de smaak te pakken hat, sit it coronafirus de earedivyzje dwers.
It seizoen dêrnei ferrint in stik muoisumer. Hearrenfean einiget as tolfde en fan de wichtichste doelstelling ('it publyk fermeitsje') komt ek net in hiel soad terjochte. De kluplieding grypt yn: Jansen syn assistinten Hennie Spijkerman en Jeffrey Talan moatte it fjild romje.
Talan is, krekt as Jansen, in 'bern fan de klup'. It beslút falt net goed by de haadtrainer. "Ik heb mijn zegje gedaan. Ik heb flink ruzie gemaakt. Had je dingen anders kunnen doen? Ik had het spel misschien harder moeten spelen."
In de winter heb ik met Ferry gesproken over dat ze nieuwe spelers moesten gaan halen. Maar Ferry dacht daar anders over.
Ald-Hearrenfeantrainer Johnny Jansen
Yn de simmerstop konkludearret Jansen dat der nije spilers komme moatte. Dat der trochselektearre wurde moat. "In de winter heb ik met Ferry gesproken over dat ze nieuwe spelers moesten gaan halen. Maar Ferry dacht daar anders over."
Mei in seleksje dy't neffens Jansen net goed genôch is, begjint it seizoen 2021/2022 noch net iens sa min. Mar stadichoan wurde de resultaten hieltyd minder.
Yn desimber bringt de Leeuwarder Courant it nijs dat sc Hearrenfean kontakt hân hat mei de nije coach Kees van Wonderen. Jansen is op dat stuit noch coach fan Hearrenfean. Yn de rin fan de tiid komt Jansen derefter dat der yndie al kontakt west hat, wylst hy noch coach wie.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
"Je hoort door de tijd steeds meer verhalen en dan denk je van: 'Hmm, daar is natuurlijk al meer contact geweest.'"
Jansen baalt fan de hannelswize fan Ferry de Haan, dy't yn de simmer fan 2021 begûn is as technysk manager. "Op het moment dat-ie begon, heeft hij zelfs ergens gezegd dat hij al drie trainers op het oog had. En ik dacht: ja, maar ik zit er ook! Als je dat dan later te horen krijgt... God, het lijkt gewoon nergens op."
Ik ga de deur uit en ze investeren voor ruim drie miljoen.
Johnny Jansen
Ein jannewaris wurdt Jansen oan de kant set by Hearrenfean. Net folle letter komme de fersterkingen dêr't Jansen al sa lang om frege. "Van Hooijdonk was in beeld en Haye zou komen, maar meer zou er niet gebeuren. En ik ga de deur uit en ze investeren voor ruim drie miljoen."
Dêr kin Jansen min oer. "Ik heb daar wel de balen van gehad, ja. Daar kan ik me wel aan ergeren. Als je het ene zegt en uiteindelijk het andere doet als ik de deur uit ben, dan baal ik daarvan."

Altyd earlik

Jansen hat him ergere oan de wize wêrop't de klup, en dan benammen Ferry de Haan en Cees Roozemond, mei him omgongen. "Dat soort dingen kan ik gewoon niet tegen. Ik vind dat je altijd eerlijk moet zijn."
"Weet je, als je niet tevreden over me bent, prima, zeg het dan gewoon. Dit had je in december ook kunnen bedenken met zijn allen. Dan is dat duidelijk. Als je dit al in je hoofd had, vertel het me dan gewoon."

Talan en Pander driigje klup te ferlitten

Ferslachjouwer Roelof de Vries sjocht in tendins: "Dit gefal fan Johnny Jansen stiet net op himsels. Sjoch nei de situaasje fan Siem de Jong. Dy hie noait wat heard en dan, fan de iene op de oare dei, wurdt tsjin him sein dat er fuort moat."
"En nim de trainers Ronnie Pander en Jeffrey Talan. Dy ha kontrakten dy't ôfrinne. Dat binne echte klupminsken. Harren hert leit by de klup. Yn febrewaris of maart ha se heard dat it kontrakt formeel net ferlinge wurdt, mar dat it noch ôfhinget fan wat de nije trainer Kees van Wonderen wol. Mar it is no begjin maaie. En dy mannen witte noch altyd net wêr't se oan ta binne."
Jansen: "Dat kan toch niet. Deze jongens hebben zoveel voor de club betekend. Deze mannen verdienen dat niet, man. Ferry zit er nu driekwart jaar. Dat plan had er al lang moeten liggen. En dan kun je vertellen wat je met Ronnie wilt. Of met Jef wilt."
Betsjut dat dat Ferry de Haan dêryn tekoart sjit? "Ik vind dat zeker."