Omrop Fryslân

PvdA Fryslân stelt fragen oer Dútske plannen foar gaswinning yn Noardsee

De PvdA yn Provinsjale Steaten wol witte oft de plannen om gas te winnen yn de Noardsee boppe Skiermûntseach ek skea feroarsaakje kinne. De partij stelt fragen oan de deputearre.
In boareilân op de Noardsee
© ANP
Dútslân kundige woansdei oan dat it lân no dochs gas út de Noardsee helje wol. It gebiet mei gas leit sa'n 20 kilometer benoarden Skiermûntseach.
Lang wie Dútslân tsjin de gaswinning, mar fanwege de driigjende gaskrapte is it lân no dochs om gien. Earder al liet it Nederlânske regear witte gjin beswier te hawwen tsjin de gaswinning dêr.
De Nederlânske en de Dútske Waadeilannen binne op de komst fan nije gasboarrings tsjin. It soe miljeuskea opsmite en boppedat net mear fan dizze tiid wêze.
Wij denken dat boren zo dicht bij de Waddenzee niet zonder risico is.
PvdA-Steateleden Erik de Groot en Jaap Stalenburg
PvdA-Steateleden Erik de Groot en Jaap Stalenburg wolle witte watfoar ôfspraken de provinsje Fryslân en it Ryk makke ha oer de winning en oer kompensaasje fan eventuele skea.
"Wij denken dat boren zo dicht bij de Wadden niet zonder risico is", skriuwe se. "Het heeft meer zin om nu te investeren in nieuwe energiebronnen en het gasgebruik te beperken."

Yn 2024 begjinne

It gaswinbedriuw ONE-Dyas hopet foar ein 2024 it earste gas oppompe te kinnen. Direkteur De Ruyter van Steveninck fan it bedriuw skat yn dat it gasfjild sawat fiif prosint fan it jierlikse gasferbrûk fan hiel Nederlân beslacht.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.