In takomst yn Fryslân? "In goede basis is myn allergrutste winsk"
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 6: wol of net in takomst yn Fryslân?
"Yn dit deiboek wol ik mear fertelle oer myn âlders en hoe't sy it fine om hjir te wêzen.
Sa as ik yn in earder deiboek fertelde, bin ik hjir allinnich mei myn âlders kaam. Myn pake, beppe en broer binne noch hieltyd yn Oekraïne.
Sa as ik yn in earder deiboek fertelde, bin ik hjir allinnich mei myn âlders kaam. Myn pake, beppe en broer binne noch hieltyd yn Oekraïne.
Gefaarliker
De situaasje dêr wurdt no hieltyd gefaarliker. Dat is de reden dat wy sa folle mooglik mei harren prate wolle, sadat wy ús allegear mear op ús gemak fiele.
Yn it lêste petear mei myn broer fertelde er ús oer syn frijwilligerswurk en dat it bedriuw dêr't hy foar wurket wer begûn is. Sa hat er ek wat ôflieding fan wat der geande is.
Myn pake en beppe fertelden ús dat sy somtiden nei ús âlde hûs gean, sadat sy dêr griente en fruit kweekje kinne yn de simmer.
As se ús dêroer fertelle, soarget it derfoar dat wie ús nofliker fiele. Wy witte dat it goed mei harren giet en dat sels yn de situaasje dêr't sy yn sitte, se dingen dwaan kinne dy't se moai fine om te dwaan.
De taal
We binne no goed fiif wiken yn Nederlân en it grutste probleem dêr't myn âlders tsjinoan rinne is de taal. By de lytste dingen, as winkelje yn de supermerk of in doktersôfspraak, is kommunikaasje nedich. Sels yn it hûs binne se ôfhinklik fan my.
Ik fertaal altyd al de petearen foar harren. De ferhalen kin ik mei details fertelle en yn elke situaasje. Mar it komt ek foar dat ik simpelwei te wurch bin dêrfoar.
Op dy mominten brûke se Google Translate, mar it nimt folle mear tiid om dan ien simpele sin oer te setten. Sy binne altyd sa grutsk op my en bliid dat ik sa goed Ingelsk kin.
Dreech om wurk te finen
Tagelyk binne se benaud dat om't sy de taal net kinne, it tige dreech wurdt foar harren om hjir wurk te finen. Dat is de reden dat sy ús gastgesin safolle mooglik helpe wolle.
Dizze wike binne wy begûn mei Nederlânske les. De lessen binne spesjaal optúgd foar Oekraynske flechtlingen, sadat wy mei oare Oekraynske minsken kommunisearje kinne en ek de taal leare kinne.
Dizze wike binne wy begûn mei Nederlânske les. De lessen binne spesjaal optúgd foar Oekraynske flechtlingen, sadat wy mei oare Oekraynske minsken kommunisearje kinne en ek de taal leare kinne.
Werom nei Oekraïne?
Ek al leare we no de taal, is it foar myn âlders hiel dreech om yn Nederlân te wenjen. Dêrom wolle se hiel graach werom nei ús wenplak wannear't it mooglik en feilich is.
Sy fiele harren mear selsfersekere yn harren eigen lân.
Se woene hjir wol wenjen bliuwe. Se fine de minsken hjir hiel aardich en sympatyk. De Nederlanners besykje altyd ús te helpen en te stypjen en de omjouwing is hjir prachtich en kalmearjend. Mar dochs fiele sy harren mear selsfersekere yn harren eigen lân.
Myn mem fynt it geweldich om sjampinjons te sammeljen en myn heit fisket graach. Sy misse har hobbys hiel bot.
Gewoanwei soene se yn dizze perioade fan it jier ferskate fisken fange en dêr wurde se tige bliid fan. Oekraïne is it lân dêr't se berne binne. Doe't se harren hûs, auto en famylje ferlitte moasten, fûnen se dat ferskriklik.
In takomst yn Nederlân
Nettsjinsteande wat myn âlders wolle, is de allergrutste winsk foar my dat ik hjir in goeie basis krij, sadat ik hjir ek bliuwe kin nei de oarloch. Dêrom binne wy noch hieltyd dwaande om in goeie universiteit foar my te finen."