Omrop Fryslân

In moanne yn Fryslân: "Ik ha sels ien sjoen dy't yn de rein badslippers oan hie"

De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 5: ferskillen tusken Nederlanners en Oekraïners.
© Omrop Fryslân
"Wy binne yntusken al in moanne yn Nederlân. Yn dizze tiid is der in soad feroare, mar it is noch hieltyd dreech om op it nijs te sjen dat froulju en bern ferkrêfte en fermoarde wurde.
It bart allegear sa tichteby it plak dêr't ik wenne en studearre. Ik fyn it in aaklik idee dat dit ek mei my barre koe of mei myn neisten.
Ik wol hjir leaver ek net tefolle oan tinke en oer skriuwe yn myn deiboek. Wêr't ik wol oer skriuwe wol, binne de ferskillen dy't ik sjoch mei de gewoanten hjir yn Nederlân yn ferliking mei dy fan ús.

Grouwe truien en badslippers

Alderearst fyn ik it bysûnder om te sjen watfoar klean oft minsken hjir oan ha. It waar is hjir somtiden min, troch de wyn kin it hiel kâld wêze, dan ha wy grouwe truien oan, mei in winterjas en somtiden sels snowboots.
Ik ha sels ien sjoen dy't yn de rein badslippers oan hie.
Dariia
Op itselde momint sjoch ik hjir Nederlanners dy't in tinne jas mei in T-shirt derûnder oan ha. Ik ha sels ien sjoen dy't yn de rein badslippers oan hie en hy fielde him goed op dat momint!
Troch dit ferskil binne de measte Oekraynske bern ferkâlden wurden yn dy earste wiken, om't se gjin jas oan hienen doe't se nei skoalle rûnen.

Praatsje meitsje

Wat my ek opfalt, is dat Nederlanners hiel oars mei-inoar omgeane. It is hjir gewoan om frjemden op strjitte te groetsjen. Boppedat is elkenien hiel freonlik tsjin inoar en binne se altyd ree om in praatsje mei ien te meitsjen.
Ast dit dwaan soest yn Oekraïne, dan soene se dy foar gek ferklearje.
Dariia
Ast dit dwaan soest yn Oekraïne, dan soene se dy foar gek ferklearje. It is net mooglik om by ús in praatsje te ha mei bygelyks minsken yn de winkel of meiwurkers dy't yn de winkel wurkje, want elkenien hat altyd haast of is mei de gedachten earne oars.

Bôle

As lêste binne de ytgewoanten hjir hiel oars. Hjir ite se de hiele dei bôle en yochert en allinnich jûns nei it wurk, meitsje minsken jûnsiten mei griente, fleis of sop.
In stikje bôle is by ús net sûn genôch en kin wis net in hiel miel ferfange.
Dariia
Yn Oekraïne is de gedachte dat in stikje bôle net sûn genôch is en yn alle gefallen net in hiel miel ferfange kin.
Dêrom wurde der yn Oekraïne ferskate gerjochten yn it foar makke en dat kinne je dan de hiele dei ite. Wy meitsje allinnich bôle klear foar skoalle of wurk.
Ik fyn it tige nijsgjirrich om elke kear wer nije ferskillen yn ús gewoanten te ûntdekken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.