Omrop Fryslân

De twadde wike yn Fryslân: "Dreech om myn broer yn Oekraïne efter te litten"

De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 3: de famylje yn Oekraïne.
© Omrop Fryslân
"Ik bin no al twa wike yn Nederlân. Ik fiel my ûntspannen en kin goed prate en laitsje mei oaren. Mar der is noch wol ien ding dêr't ik my drok om meitsje. Myn broer, pake en beppes binne noch altyd yn Oekraïne.

Raketten yn Tsjerkasy

Ik besykje kontakt mei harren te hâlden, te dielen wat hjir bart en hoe't wy ús fiele. Mar as ik dan op it nijs de raketten troch myn stêd fleanen sjoch, dan meitsje ik my soargen.
It is dreech om te sjen, om't wy neat dwaan kinne om te helpen. Dêrom besykje ik om se safolle mooglik foto's te stjoeren fan ús omjouwing en fan wat wy meimeitsje.

Myn broer hjit Roma. Hy is 27 jier. Foar de oarloch wie er projektkoördinator yn Kiev. Doe't de oarloch begûn, hawwe wy him fuortendaliks belle sadat er nei ús wenplak yn Tsjerkasy ride koe. It hat doe gelokkich mar fjouwer oeren duorre foardat er thús wie, want no kinne minsken hielendal net mear út de stêd wei komme.
Doe't ús mem besletten hie om mei my it lân te ferlitten, wie it hiel dreech om't Roma yn Oekraïne bliuwe moast.
Dariia
We hawwe in skoftke byinoar wenne. We bleaune altyd byinoar en ha besocht stipe oaninoar te jaan. Doe't ús mem besletten hie om mei my it lân te ferlitten, moast Roma dêr bliuwe. Ik fûn it hiel dreech om myn broer yn Oekraïne efter te litten.

Yn it leger

It is foar him ûnmooglik om oer de grins te kommen. Manlju tusken de 18 en 60 jier moatte yn it leger. It is op dit momint net ferplichte om mei te fjochtsjen yn de oarloch, mar se meie it lân ek net út.
En dêrom is er begûn mei frijwilligerswurk, it koördinearjen fan it teplakbringen fan humanitêre help en al it oare dêr't er mar by helpe kin. Hy besiket yn kontakt te bliuwen mei kollega's dy't noch yn Kiev binne. Sy kinne op 't heden ûnmooglik út de stêd wei komme om't auto's bombardearre wurde troch Russyske soldaten.

Fiskjen

Myn pake en beppes wenje ek allegearre yn Tsjerkasy. Se kinne dêr net wei. Beppe Anna (71) wurket net mear. Se giet wol gauris nei myn oare beppe Olga (68) en pake Nicolas (70) om tiid mei harren troch te bringen.
Foarige wike hat er in fisk fongen fan 45 kilo. No binne se drok mei it sieden fan de fisk en him ûnder oare famyljeleden yn de buert te ferdielen.
Dariia
Sy besykje ferskate dingen te dwaan om wat ôflieding te hawwen. Sa gean se mei-inoar te fiskjen. Dêr hâldt pake Nicolas fan. Beppe Anna helpt him mei de tarieding.
Foarige wike hat er in fisk fongen fan 45 kilo. No binne se drok mei it sieden fan de fisk en him ûnder oare famyljeleden yn de buert te ferdielen.
Beppe Olga is as iennige noch oan it wurk. Se is skjinmakster. Dat fynt se spannend om't de sirenes elk momint ôfgean kinne.
Se binne altyd sa bliid as ik se bypraat oer de minsken mei wa't ik praat haw en de ynterviews dy't ik hân haw. Dan kin ik yn elts gefal oer de echte situaasje yn Oekraïne fertelle.
Se besykje altyd posityf en ûntspannen oer te kommen oan de telefoan, mar ik wit wol dat dat net sa is.
Dariia
Ik wurd hiel bliid as ik harren stimmen hear en as se fertelle dat se feilich binne. Se besykje altyd posityf en ûntspannen oer te kommen oan de telefoan, mar ik wit wol dat dat net sa is.
De telefoanferbining yn Tsjerkasy wurdt hieltyd minder. De produkten yn de supermerk wurde djoerder en yn guon winkels is der gjin befoarrieding mear.
Ik hoopje dat de oarloch gau foarby is en dat elkenien syn gewoane libben wer oppakke kin."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.