Sonny Stevens wol by Cambuur bliuwe: "Maar ze weten ook dat ik geen haast heb"

Sonny Stevens wol by SC Cambuur bliuwe, mar dan moat de klup him wol in bettere oanbieding dwaan. It kontrakt fan de keeper rint nei dit seizoen ôf.
Earder hat technysk manager Foeke Booy al oanjûn dat de klup graach mei Sonny Stevens troch wol. Dat hat him utere yn in oanbieding dy't Cambuur dien hat oan de keeper.
"Dat vond ik persoonlijk nog niet je van het", jout Stevens earlik ta. "Dat heb ik aangegeven en nu gaan we verder kijken of we eruit kunnen komen. Maar ze weten ook dat ik geen haast heb met beslissen." It oantal jierren fan it nije kontrakt en it lean binne noch ûnderwerpen fan petear.
Stevens wol bêst by Cambuur bliuwe. Om't hysels, syn freondinne en dochterke it yn Ljouwert nei 't sin hawwe. "Ik ben een gevoelsmens. En als ik bijvoorbeeld naar het buitenland ga, dan moet ik ze hier weer weg halen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De lêste wedstriden fan Cambuur hat Stevens net ûnder de latte stien, om't er begjin maart blessearre rekke oan syn ankel tsjin FC Twente. Mooglik dat Stevens oer oardel wike syn rentree meitsje kin by Cambuur. "Ik hoop PSV-thuis te halen, maar ik vind het lastig. Het aankomende vrije weekend is wel fijn voor mij, dat ik eventjes wat langer heb."

sc Hearrenfean

Stevens hat de wedstriid tusken sc Hearrenfean en FC Groningen net sjoen, mar sportferslachjouwer Roelof de Vries wol. Hy wie ûnder de yndruk fan de Feansters. "Ik fûn de ôfrûne wedstriden al dat it fuotbaljend better gie. Tsjin Grins fûn ik it echt hiel goed, wylst Grins ek in goeie ploech hat", fertelt De Vries.