Omrop Fryslân

Fan degradaasjekandidaat nei Europeesk fuotbal? "Het kan snel gaan"

Nei fiif wedstriden op rige sûnder ferlies sjocht foar sc Hearrenfean de wrâld der no wer hiel oars út. De oerwinning fan snein op FC Groningen (3-1) soarget der sels foar dat de Friezen omheech sjen kinne.
Ole Tobiasen is grutsk op syn ploech
Trainer Ole Tobiasen is 'supertrots', seit er nei ôfrin fan de Derby fan it Noarden. Noch net sa lang lyn moast hy betinke hoe't er mei Hearrenfean út de degradaasjesône bliuwe soe. Mei in oar systeem (5-3-2) en wat nije spilers is dat slagge.
Hearrenfean krige de lêste fiif wedstriden mar twa goals tsjin, spile trije kear lyk en wûn twa kear. "We hebben ons uit een mindere fase geknokt, met dit hoogtepunt tot gevolg."
We raken steeds beter ingespeeld op elkaar.
Ole Tobiasen
Neffens de Deen spile Hearrenfean altyd al mei it hert, mar ûntbruts it oan it fertrouwen. "Dat is er nu meer. Bovendien worden nieuwe spelers, zoals Tahiri, Van Hooijdonk en Sarr, steeds fitter. En nu heeft het systeem ook goed uitgepakt, we raken ook steeds beter ingespeeld op elkaar."

Ekstra moai foar Van Hooijdonk

Dat befêstiget spits Sydney van Hooijdonk. Hy skoarde snein syn twadde en tredde goal yn tsjinst fan Hearrenfean. "Van Groningen winnen is altijd mooi, maar dit is voor mezelf extra mooi."
Van Hooijdonk hat in klik mei Amin Sarr
Yn de definsje fan Hearrenfean stiet it al langer goed, foaryn koe it better. "En nog steeds kan de samenwerking tussen het middenveld, Amin (Sarr, red.) en mij beter. Maar het liep vandaag lekker, dan is voetballen leuk."
De twa nije spitsen ha in 'klik', fernimt Van Hooijdonk. "We zijn hier samen gekomen, dat creëert al een band. En eerder speelden we nog te ver uit elkaar, maar we komen nu steeds dichter bij elkaar. Dat is de connectie die je wilt met twee spitsen. Hij heeft twee keer gescoord, ik nu drie keer. We gunnen het elkaar heel erg."

Mei publyk skoare is moaier

By NAC skoarde Van Hooijdonk ferline jier geregeld, mar dat wie faak yn in leech stadion. "Dit is veel mooier, doelpunten maken voor publiek. Dan krijg je de ontlading erbij. Er is niets beters dan dat."
Van Hooijdonk makke de 1-0 en de 2-1. Tsien minuten foar tiid makke Sven van Beek dien wurk troch de 3-1 te meitsjen. De ferdigener skoart net faak. "Het is lang geleden", seit er. "De laatste keer was met Feyenoord, in een bekerwedstrijd tegen Fortuna Sittard." Dat wie yn jannewaris 2019.
Sven van Beek stie wol in healoere op it fjild om de winst te fieren
Noch moaier wie dat it in belangrike goal wie. "Met die 3-1 weet je bijna zeker dat het niet meer misgaat."
Dêrnei koe er de winst fiere mei syn ploechgenoaten, dat dienen se op it fjild, mei it publyk. "Dit moet je koesteren, want je doet het met z'n allen."

'Fantastisch om thuis te spelen'

Kollega-ferdigener Nick Bakker genietet ek by de thúswedstriden. "Het is al weken fantastisch om thuis te spelen. Sfeeracties erbij. Dat geeft je een extra zetje."
Nick Bakker syn hûn hie in oerwinning foar Grins foarsein
"Het kan snel gaan", seit Bakker. Hy ferwiist dêrmei nei de situaasje dêr't de ploech in pear wiken lyn noch yn siet. Doe waard benammen nei ûnderen sjoen. "De ene dag ben je degradatiekandidaat, nu praten we over het linkerrijtje. Fantastisch."
Tobiasen hie it al langer oer de play-offplakken om Europeesk fuotbal, ek doe't dat noch fier fuort wie. "We doen nog gewoon mei", seit er no. "We hebben niet het gemakkelijkste programma, maar we komen steeds dichterbij. Dat is mooi."

Credits oan Johnny Jansen

De ynterim-trainer joech ek noch de credits oan syn foargonger, Johnny Jansen, dy't ein jannewaris dien krige. "Deze overwinning is ook voor hem. Hij heeft hier goed werk verricht en al veel punten verzameld voordat hij werd ontslagen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.