Omrop Fryslân

Hearrenfean-trainer Ole Tobiasen: "Tegen Groningen willen we ons veilig spelen"

De lêste wiken sprokkelet sc Hearrenfean de nedige punten binnen. Yn de noardlike twastriid tsjin FC Groningen wol trainer Ole Tobiasen him definityf feilich spylje. "Bij een overwinning hebben we 34 punten, dat is genoeg."
Tobiasen hopet op punten
Der hearsket in nije realiteit yn it Abe Lenstra Stadion, de naïviteit is fuort. As je net winne kinne, dan meie je yn elts gefal net ferlieze. Mei dy ynstelling krûpt de ploech stadichoan rjochting ûnderkant middenmoat.
Tobiasen: "Het is eigenlijk een hele gekke competitie. We kunnen Groningen, maar ook die club uit Leeuwarden nog inhalen. We kunnen zelfs de play-offs nog halen, maar we kunnen ook net zo goed nog in de gevarenzone terechtkomen."
De wedstriid sc Hearrenfean - FC Groningen is sneintemiddei fan 12.15 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Ferwachte opstelling: Mulder, Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Dresevic, Kaib, Haye, Tahiri, Halilovic, Van Hooijdonk en Sarr.

Joost van Aken wer fit?

Ferdigener Joost van Aken is noch net opknapt fan de blessuere dy't hy oprûn yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo. Van Aken ûndergiet sneon noch in lêste fysike test, mar Tobiasen lit witte dat hy gjin inkel ûnnedich risiko nimme wol.
"Joost wil heel graag, maar we moeten bekijken of dat wel verstandig is. Volgend weekend is de bekerfinale, dan heeft hij de tijd om volledig te herstellen. Het zou zonde zijn als we hem nu laten spelen en dat hij dan de rest van het seizoen moet missen."
Middenfjilder Nicolas Madsen is wer better fan syn ankelblessure en komt werom yn de wedstriidseleksje.

Tiid foar punten

Fan de lêste fiif edysjes einige de noardlike twastriid yn it Abe Lenstra Stadion fjouwer kear yn 1-1 en ien kear yn 0-0.
"Dan wordt het nu tijd voor drie punten voor Heerenveen", laket Tobiasen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.