Hearrenfean sa goed as feilich nei oerwinning op FC Groningen

Sportklub Hearrenfean hat snein trije punten pakt yn it duel tsjin FC Groningen. Nei 90 minuten wie it 3-1. De Friezen binne dêrmei sa goed as feilich en kinne sels nei boppen sjen.
Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
Hearrenfeantrainer Ole Tobiasen stjoerde deselde alve spilers it fjild yn as ôfrûne wike tsjin Sparta Rotterdam. Doe waard it 1-1.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Dresevic, Kaib; Haye, Halilovic, Tahiri; Van Hooijdonk en Sarr.
Hearrenfean hie in geweldige start. Amin Sarr waard de djipte yn stjoerd troch Ibrahim Dresevic. De oanfaller wie flugger by de bal as Grins-keeper Peter Leeuwenburgh. Ut in drege hoeke wei rekke Sarr de peal, mar de rebound wie net dreech foar Sydney van Hooijdonk: 1-0.
Van Hooijdonk nei de 1-0 © Orange Pictures
Efkes letter wie Van Hooijdonk tichteby in twadde doelpunt, mar syn kopbal nei in hoekskop waard fan de line helle troch Bart van Hintum fan Grins.

Lykmakker

Nei in lyts healoere kaam Grins op likense hichte. In ôffallende bal kaam terjochte by Neraysho Kasanwirjo. Hy kapte syn tsjinstanner út en skeat fia de ûnderkant fan de latte prachtich raak: 1-1. Mei dy skoare sochten beide teams de klaaikeamers op.
Yn de twadde helte kaam Hearrenfean wer fluch op foarsprong. Anas Tahiri betsjinne Van Hooijdonk, dy draaide goed fuort by twa ferdigeners en skeat kreas raak: 2-1.
Kasanwirjo hellet út foar de 1-1 © Orange Pictures
Van Hooijdonk hie samar ek de 1-3 meitsje kind. Hy kaam allinnich foar Leeuwenburgh, mar de keeper fan Grins bleaun goed nei de bal sjen en tikke de bal by de fuotten fan Van Hooijdonk wei.

Van Beek beslikket it

Grins sette yn it twadde part fan de twadde helte wat mear druk nei foaren en wie yn de 72ste minút hiel tichteby de lykmakker. Laros Duarte joech in goeie stekpass op Daleho Irandust, dy skeat de bal lâns Erwin Mulder, mar op de doelline koe Dresevic noch ferdigenje.
Yn de 80ste minút krige Hearrenfean in hoekskop. Sven van Beek kaam boppe eltsenien út en kopte de bal hurd binnen: 3-1. Dêrmei wie de wedstriid wol beslikke. Grins besocht it noch wol. It rekke fia Duarte ek noch de latte, mar doelpunten foelen der net mear.
Hearrenfean hat no 34 punten en is dêrmei sa goed as feilich.