Nei turbulinte wike pakt Harkemase Boys punt mei tsien man
Fuotbalklup Harkemase Boys hat opnij net wûn. Dochs sil it lykspul (1-1) op besite by de amateurtak fan Ajax fiele as in morele oerwinning. De Harkiten kamen mei in man minder werom fan in efterstân.
Earder dizze wike sette it bestjoer fan Harkemase Boys trainer Jan-Piet Bosma op non-aktyf. Dat gebeurde nei it thúsferlies tsjin SteDoCo (2-1). It wie de tolfde kompetysjewedstriid op rige sûnder oerwinning.
Bosma syn ferfanger is op it stuit Willem van Kammen, de Harkyt dy't dêrfoar noch assistint wie fan Bosma. Yn in minne earste helte wie de bêste kâns foar de Friezen. Spits Kian Visser spile himsels frij en skeat de bal hurd op de peal.
Strafskop en read
Nei in kertier spyljen yn de twadde helte kaam Ajax op foarsprong. Iloba Achuna feroarsake in strafskop en dy waard binnen sketten troch Jip Bartels.
De problemen waarden allinnich mar grutter doe't Joris Voest in pear minuten letter in reade kaart krige. Yn earste ynstânsje tocht Harkemase Boys sels oan in strafskop, nei in mooglike oertrêding op Visser. It spul gong lykwols troch en yn de tsjinoanfal luts Voest oan de needrem.
Mei tsien man kaam Harkemase Boys noch wol ta kânsen. Berwout Beimers bygelyks, dy't foar iepen doel miste. Dyselde Beimers skeat letter nochris njonken, wat Jhurrey Margaritha ek die.
Lykmakker Bouius
In lytse fiif minuten foar tiid foel dochs de fertsjinne lykmakker. Nei in frije traap kaam de bal foar de fuotten fan oanfierder Henny Bouius, dy't de 1-1 binnen wurke.
Yn blessueretiid krige Beimers sels noch in kâns om de Harkiten trije punten te besoargjen, mar syn kopbal einige yn de hannen fan Ajax-doelman Virgil Deen.
De Harkiten steane no trettjinde mei 27 punten. Dat is ien punt boppe de neikompetysjeplakken. Nei de wedstriid waard bekend dat Hans Schrijver it seizoen ôfmakket as trainer fan Harkemase Boys.
Bûtenpost ûnderút
Ien nivo leger, yn de Haadklasse, gong Bûtenpost thús ûnderút tsjin Swift út Amsterdam. Dy wûnen mei 1-0.
De grutste kâns fan de earste helte wie foar Swift. Ut in hoekskop skoarden de Amsterdammers hast, mar Bûtenpost helle de bal fan 'e line.
Nei in lytse tsien minuten yn de twadde helte kaam de útploech dochs op foarsprong. Yn it lêste kertier sette Bûtenpost noch oan, mar sûnder sukses.
Yn de kelder fan de Haadklasse einige de wedstriid tusken ONS Snits en NSC út Nijkerk yn in lykspul: 1-1.
ONS stiet fjirtjinde, NSC fyftjinde. Flak foar it skoft sette Gabriël Fernando de Snitsers mei in frije traap op foarsprong. Nei in lyts oere skoarde Mohamed Ajiach, ek mei in frije traap, foar NSC.
De Snitsers sochten dêrnei de oerwinning, mar kamen úteinlik noch goed wei mei in punt, want de grutste kânsen wienen foar NSC.