Dennis Haar warskôget Cambuur: "Het moet niet naïef worden"
Dennis Haar ferwachtet snein in swiere put foar Cambuur tsjin Vitesse. De ploech út Arnhem is net yn geweldige foarm, mar de ynterim-trainer warskôget syn ploech om net nayf te wurden.
Foarútblik Vitesse-Cambuur
By de útwedstriid tsjin Vitesse is Robin Maulun wer werom fan in skorsing en ek Mees Hoedemakers start yn de basis. De middenfjilder rekke tsjin NEC blesseare oan de holle en koe dy wedstriid net útspylje.
Sûnt woansdei is Hoedemakers wer hielendal fit en hy kin dus snein ek spylje. Mitchel Paulissen spilet ek op it middenfjild. Fierder feroaret trainer Dennis Haar neat oan de basisformaasje fan de Ljouwerters.
'Kneiterhard trainen'
Neffens de trainer is elk goed weromkaam fan it ferlies tsjin NEC, al wie de teloarstelling nei dy wedstriid grut. "Ja de teleurstelling was zeker groot. Maar na de analyse weer hard aan de slag en kneiterhard trainen en zorgen dat we klaar zijn voor de volgende wedstrijd."
Dy wedstriid is snein dus tsjin Vitesse. Net in maklike tsjinstanner. "Makkelijke wedstrijden bestaan niet. Wij moeten altijd maximaal presteren. Met een hecht team en collectief dat met elkaar iets wil bereiken."
Mindere foarm
En dat soe kinne want yn de kompetysje is Vitesse ek net bepaald goed yn foarm. "Wij kijken naar de laatste resultaten en die zijn niet zoals zouden willen. Dus ze zullen gebrand zijn. Net als wij."
Mar Haar hat ek in warskôging foar syn seleksje: "Het moet niet naïef worden. Positiespel zal het middel zijn om naar voren te komen. En we moeten kijken of we met diepte achter hun laatste lijn kunnen komen omdat ze heel hoog op spelen."
"En momenten dat we de bal niet hebben is het een kwestie van duels winnen en in de omschakeling kansen creëren. Duels winnen. Daar gaat het uiteindelijk allemaal om. Het wordt zondag een zware klus, maar zeker niet onmogelijk."