Cambuur thús ûnderút tsjin NEC
Sportklup Cambuur hat sneintemiddei de thúswedstriid tsjin NEC ferlern. Yn it eigen Cambuurstadion waard it 1-2 foar de besikers út Nijmegen.
Ynterim-trainer Dennis Haar hie trije wiksels trochfierd yn fergelyk mei de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles fan twa wike lyn. Mei spits Roberts Uldrikis en ferdigener Erik Schouten werom fan blessueres en middenfjilder Jamie Jacobs ynstee fan Robin Maulun, de Frânsman wie skorst, gie Cambuur sneintemiddei op syk nei de punten.
Opstelling SC Cambuur: Bos; Schmidt, Mac-Intosch, Tol, Bangura; Paulissen, Hoedemakers, Jacobs; Joosten, Uldrikis en Kallon.
Dat diene de Ljouwerters mei in falske start, doe't NEC al yn de tredde minút op foarsprong kaam. Doke Schmidt kopte in foarset yn it gesicht fan ploechgenoat Mees Hoedemakers, wêrtroch Okita samar de 0-1 achter keeper Pieter Bos sjitte koe.
Rappe lykmakker
Cambuur moast daliks yn de efterfolging, en dat levere in lytse tsien minuten letter de lykmakker op. Joosten fûn mei in moaie bal de frijsteande Paulissen, dy't der 1-1 fan makke. De ploech besocht dêrnei troch te drukken, krige in pear kânskes, mar in doelpunt smyt dat net op.
Healwei de earste helte rekke Cambuur syn regisseur op it middenfjild kwyt. Hoedemakers koe net troch nei de bal yn syn gesicht by de 0-1 en moast nei tweintich minuten wiksele wurde.
Nei dat hektyske begjin gie it tempo fan beide ploegen nei beneden ta, sadat 1-1 ek de stân by it skoft wie.
Debút foar Smit
Yn de twadde helte wie it de thúsploech dy't op syk gie nei de 2-1. Nettsjinsteande in pear kânskes foar Uldrikis en Jacobs, wie NEC it tichtst by in treffer. Nei in lyts oere waard in skot fan Okita fan rjochting feroare, keeper Pieter Bos koe de bal krekt út de benedenhoeke tikke en foarkaam dêrmei de 1-2.
De Letske Uldrikis koe nei syn blessuere net langer dan in oere spylje en waard ferfongen troch debutant Milan Smit. Binnen in pear minuten krige Smit in grutte kâns, mar syn bal koe keard wurde troch keeper Branderhorst fan NEC.
Cambuur jout it fuort
Tweintich minuten foar tiid kaam NEC hast op foarsprong, doe't Doke Schmidt syn eigen keeper hast ferraste mei in kopbal. Gelokkich foar Cambuur koe Pieter Bos de bal noch krekt keare.
In kertier foar tiid gie it mis foar de thúsploech. Ynfaller Javier Vet koe in hiel ein trochrinne mei de bal oan de foet en helle út fan sa'n 25 meter. Keeper Pieter Bos wie kânsleas en tsjin de ferhâldingen yn kamen de besikers op foarsprong.
Ynterim-trainer Haar wiksele syn sintrale ferdigeners yn de slotfaze om noch wat te besykjen. Hoewol't it Ljouwerter publyk de lykmakker der wol yn raze woe, slaggen de alve op it fjild dêr yn de lêste minuten net mear yn.