Roberts Uldrikis nei twa moannen werom yn de spits by SC Cambuur
Roberts Uldrikis stiet snein wer yn de basis by SC Cambuur. De spits rekke sawat twa moannen lyn yn de wedstriid tsjin FC Utrecht blessearre oan syn kût.
We bringe Roberts Uldrikis yn 'e kunde mei Ljouwert:
De Letske spits spile de wedstriid tsjin FC Utrecht 'gewoan' út, wylst er nei tweintich minuten al blessearre rekke. Nei de tiid die bliken dat der dochs mear skea as tocht wie oan it kût.
Nei in refalidaasje fan sa'n acht wiken is Uldrikis wer ree om yn de basis te stean. Dat wie ek hurd nedich, want der is krapte foaryn by de Ljouwerters. De oare spits, Tom Boere, rekke koartlyn ek foar in langere tiid blessearre.
Ynterim-trainer Dennis Haar foar syn debút by SC Cambuur:
Dennis Haar hat sûnt woansdei foar de seleksje stien. Hy hat dus syn earste yndrukken op dien. "Ik vind de groep volwassen. De jongens weten waar het om gaat en ze zijn positief, maar dat geldt eigenlijk voor de gehele organisatie."
Neist Roberts Uldrikis komt ek Erik Schouten werom yn de basis. Robin Maulun ûntbrekt, hy is skorst. Syn ferfanger is Jamie Jacobs. Keeper Sonny Stevens stie freed ek wer op it fjild. Pieter Bos stiet tsjin NEC wer ûnder de latte. It is net presys bekend wannear't Stevens wer wedstriidfit is.
Yn de training hammeret Haar op agressiviteit en striid. "We moeten zien dat we de energie weer terug krijgen."
De wedstriid tusken SC Cambuur en NEC begjint sneintemiddei om kertier foar fiven. It is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion.
Moandei wurdt der neipraat oer de wedstriid yn in nije SportCast fan Omrop Fryslân.