Fergees iten by De Klomp yn Ljouwert: "Ik moet leven van 60 euro per week"

In fergees miel, twa kear yn 'e wike, is foar in tal minsken yn Ljouwert nedich om de wike finansjeel troch te kommen en sûn ite te kinnen. Yn it gebou De Klomp fan Netwerkcentrum Leeuwarden Oud Oost wurde alle wiken op tiisdei en tongersdei sa'n 140 mielen makke foar minsken mei in smelle beurs.
Netwerkcentrum Oud Oost yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It is drok op tongersdeitemoarn en -middei. Moarns binne de frijwilligers drok dwaande mei it itensieden ûnder lieding fan de haadkok Jefta. Twa kear yn 'e wike meitsje se sa'n 140 mielen klear. Sûn en lekker. Jefta siket de resepten en keapet ek de yngrediïnten. In hiele put mar it is tankber wurk, fynt Jefta.
Hy hat in soad nocht yn it sieden. Earder wie er kok yn de hoareka, mar dat woe er net mear. Hy krige ferslavingsproblemen. Dit befalt him folle better. Hy fertsjinnet der as frijwilliger folle minder troch, mar syn libben is der better op wurden.
Yn it radioprogramma Buro de Vries folgje we de minsken dy't yn De Klomp komme. It programma is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns yn de werhelling om 21.00 oere.
Troch it wurk yn De Klomp hat hy besluten om in stúdzje te dwaan, om ek sosjaal wurk dwaan te kinnen. Hy jout no ek itensiedersles op in basisskoalle. It wurk by De Klomp hat der foar soarge dat hy it libben wer better op 'e rit hat, en hy fynt it moai om wat foar oaren te betsjutten.
Sjef-kok Jefta yn de keuken fan De Klomp © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sjoen hoefolle fraach der is, soene se yn De Klomp noch wol mear iten meitsje kinne. Mar se sitte oan harren maksimum. Yn dizze tiid fan grutte ynflaasje ha minsken mei lytse ynkommens it hieltyd dreger om de gewoane boadskippen te beteljen. Alle dagen sûn ite is dan hast net mear mooglik, fertelle de minsken dy't iten ophelje.
"Alles wordt zo duur. Het twee keer maaltijden hier halen, helpt mij. Verder haal ik spul bij weggeefkastjes en de Buurvrouw & Buurvrouw Bus. Dat is een dagtaak. Ik moet leven van 60 euro per week", fertelt Janet.
Oars sit ik de hiele dei thús en begjint it te meallen. Dat is net goed foar my, dan gryp ik nei de flesse.
Sjoerd oer it iten by De Klomp yn Ljouwert
Ek foar oaren jildt dat se net folle útjaan kinne. Elkenien is tankber dat se gebrûk meitsje kinne fan de fergeze service. Njonken dat it guon fanwege de finânsjes helpt, hat it iten ek in sosjale funksje. Minsken wolle graach efkes oaren treffe. Iensumens is in probleem foar besikers fan De Klomp.
Sjoerd bygelyks. Hy sit oan tafel en lit him it iten lekker smeitsje, mar it is benammen moai om efkes ûnder de minsken te wêzen, fertelt hy. "Oars sit ik de hiele dei thús en begjint it te meallen. Dat is net goed foar my, dan gryp ik nei de flesse. No giet it goed." Hy docht lykas de measte besikers fan De Klomp ek frijwilligerswurk by it netwurksintrum.
Foar minsken mei in lyts ynkommen wurdt yn De Klomp twa kear yn 'e wike iten makke
Edda hellet ek in poarsje en se giet te skilderjen. Se genietet fan har besite en it iten. Benammen yn de coronatiid fielde se har ferskuorrende iensum. "Ik seach allinnich mar geraniums." No is se hielendal opfleure troch de sosjale kontakten.
Foardat corona útbruts, koene minsken mei-inoar ite yn De Klomp. Dat is foarearst efkes foarby, mar de hope is dat dat aanst ek wer kin. Al sil it dan wol op in oare manier moatte, want 140 minsken byinoar slagget yn dizze romte net samar. "Maar dat is wel veel gezelliger."