By De Klomp telle kânsearme minsken mei: "We zijn een talentenfabriek!"
De 'kloof', oftewol de kleau, je hearre it wurd de lêste tiid faak. It gat tusken earm en ryk wurdt dermei bedoeld. Ek earmoede is in fenomeen dat faker oer tafel komt.
Voedselbanken, kleanbanken, skuldhelpferliening; it binne hast ynboargere saken yn ien fan de rykste lannen fan de wrâld.
By Netwerkcentrum Oud-Oost yn Ljouwert wurdt wurke om minsken wer op wei te helpen en meidwaan te litten. Minsken dy't holpen binne, helpe no oaren wer. Se telle mei yn gebou De Klomp en fiele harren folweardich.
It is in kommen en gean fan minsken yn it âlde gebou oan de Insulindestraat yn Ljouwert, dêr't it netwurksintrum sit. Der binne allerhande aktiviteiten en in soad frijwilligers oan it wurk.
Beharkje hjir de earste ôflevering fan ús searje oer De Klomp:
Minsken helpe mekoar. Mei finansjele problemen, mar ek sporte, itensiede en kompjûter- en taallessen. En der is in kleanwinkel dêr't minsken fergees klean ophelje kinne. Der binne 900 klanten foar de kleanwinkel.
Doelstelling fan it netwurksintrum is minsken wer in gefoel fan eigenwearde te jaan en talinten te ûntwikkeljen. Der komme hûnderten minsken yn de wike del. Twa kear yn 'e wike wurde 150 mielen fergees útdield oan minsken.
Altijd als ik hier ben, heb ik plezier. Het zijn zulke fijne mensen.
Yn de keuken wurkje frijwilligers dy't sels faak ûnderfining hawwe mei drege tiden yn it libben. Lykas Jefta, hy komt út de ferslavingsproblematyk. Hy hat syn plak wer fûn en syn libben wer op de rails. "Ik kom hier het allergraagst, het is hier fantastisch. Altijd als ik hier ben heb ik plezier, het zijn zulke fijne mensen."
Senan Hubanic is de man dy't De Klomp oanstjoert. Fol fjoer praat hy oer it sukses fan it netwurksintrum. Hy fynt it fan grut belang dat minsken wer selsfertrouwen krije. Hy sjocht dat se direkt dwaande binne om de kleau te bestriden.
40 euro yn 'e wike
Earmoede is in grut probleem by de minsken dy't by De Klomp komme. As je yn de skuldsanearring sitte, moatte je libje fan 40 euro yn 'e wike. Dat is oerlibjen, neffens Hubanic. By it netwurksintrum wurkje se oan earmoedebestriding, mar ek oan opliedingen en minsken stimulearje om harren libben in goeie kant op te krijen.
Hubanic: "De hele omgeving zorgt ervoor dat je met je toekomst bezig kunt zijn, je bent onderdeel van de maatschappij. We zijn gewoon een talentenfabriek!"
De kommende tiid folgje we de minsken dy't yn De Klomp komme yn it radiopogramma Buro de Vries. Sneintemoarn wie it earste diel. Buro de Vries is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns yn de herhelling om 21.00 oere.