Omrop Fryslân

Delgong keapkrêft komt hurd oan: "Alles gaat omhoog, behalve onze inkomens"

Elkenien giet der dit jier op efterút; fan in pear tientsjes oant inkele hûnderten euro's. It nijs komt minsken yn de bystân rau op it dak. Sy geane der gemiddeld 20 euro yn de moanne op achterút.
"20 euro foar ien yn de útkearing is in flinke hap":
De nijste sifers fan it NIBUD lige der net om: guon húshâldens yn Nederlân sille der it kommende jier mear as hûndert euro de moanne op efterút gean.
Dat is net dy groep dêr't Senan Hubanic him it meast drok om makket. Dat is de groep dy't it mei 20 euro minder dwaan moat: minsken yn de bystân.
Hubanic is koördinator fan it Netwurksintrum De Klomp yn Ljouwert. Dêr kinne minsken mei in smelle beurs help krije by it ynfoljen fan papieren, of it oanskaffen fan guod. En se biede ek in miel oan.
Dat geeft aan hoe dramatisch de situatie is.
Senan Hubanic (De Klomp) oer it tal oanmeldingen foar in fergees waarm miel
"Eerst vroegen we twee euro voor een warme maaltijd", seit Hubanic. "Dat was voor sommigen al een ontzettend hoge drempel. Toen hadden we 40 aanmeldingen. Nu is het gratis en hebben we 150 aanmeldingen. Dat geeft aan hoe dramatisch de situatie is."

Te min jild foar nije klean

Linda de Graaf runt by De Klomp de kleanútjefte. De doazen steane yn steapels yn de lytse keammerkes, mar it is nea genôch, seit se. It ôfrûne jier seach De Graaf in grutte taname yn it tal minsken dat delkomt foar klean. Se moatte jild frijmeitsje foar de boadskippen, en hâlde dan te min oer foar nije klean.
"Boodschappen worden duurder, de gasprijzen gaan omhoog. Alles gaat omhoog, behalve onze inkomens." De Graaf sels is ek benaud foar de nije NIBUD-foarsizzings, al is se derfan oertsjûge dat se ek hjir wol wer in oplossing foar fynt.

Hoop fêstige op de polityk

Neffens Hubanic moat de oplossing lykwols út de polityk komme. It leafst soe er sjen dat minsken mei in frijwilligersfunksje dêrfoar betelle wurde. In soarte fan Melkertbaan-nije-styl. As dizze minsken dan fertsjinje op it nivo fan it minimum ynkommen, soe dat de klap fan de ynflaasje opfange kinne.
In ferlykber plan wurdt al útfierd yn Grinslân, fertelt Hubanic. Hy hopet dat de lokale polityk mei troch de gemeenteriedsferkiezingen beweegd wurdt om it ek hjir yn Ljouwert te besykjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.