Omrop Fryslân

Noed oer ynflaasje yn De Klomp; "Patat is goedkoper dan groente en fruit"

We sille allegear wat fernimme fan de hegere enerzjyprizen en iten út de supermerk dat djoerder wurdt. Dat rekket benammen minsken dy't al net folle hawwe, fernimme de minsken fan netwurksintrum De Klomp yn Ljouwert.
Minsken yn De Klomp
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De ûngelikens liket allinnich mar grutter te wurden no't troch de oarloch yn Oekraïne de ynflaasje hurd omheech giet. De útjeften wurde heger en de ynkommens bliuwe gelyk of wurde minder.
De frijwilligers en besikers fan it gebou De Klomp yn Ljouwert hawwe it net breed. De measte minsken hawwe in útkearing. In tal minsken sit yn de skuldhelpferliening. Guon moatte rûnkomme fan minder as 50 euro yn 'e wike.
Hoe moet ik nog gezond eten? Patat is goedkoper dan groente en fruit.
Besiker fan De Klomp
En no gean de enerzjyrekkens bot omheech en ek de boadskippen wurde behoarlik djoerder, sa fernimme se. "Hoe moet ik nog gezond eten? Patat is goedkoper dan groente en fruit."
De gemeenten krije no jild om de enerzjyferhegingen te kompensearjen, mar dat is foar in soad minsken mei sa'n leech ynkommen net genôch. "Ik teer alleen maar in. Ik heb geen buffer meer."
Foar de gemeente is it net maklik gau in oplossing klear te hawwen foar dizze problemen. De gemeente hat lykwols in 20-jierreplan foar dit part fan Ljouwert. Mei ferskate partijen sil de kommende jierren wurke wurde om sosjale problemen, wurkleazens en de lege ynkommens-problematyk oan te pakken.
Minsken fertelle oer problemen troch ynflaasje
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn de wyk Oud-Oost ha in soad minsken meardere problemen. It doel is om de leefberens, kânsûngelikens en de kwaliteit fan libben omheech te krijen. Wurk, leare, wenjen en sûnens stean dêrby sintraal. Mei wenningboukorporaasjes, maatskiplike organisaasjes, soarchynstellingen en ûnderwiis wurdt wurke oan in bettere takomst. De bedoeling is dat de bewenners dêr in aktive rol by krije.

Winsken en suggestjes

Yn De Klomp kaam Jan Veenstra om mei de minsken te praten en harren winsken en ideeën op te heljen. Dat wie net sa maklik om te betinken. De problemen fan hjoed-de-dei binne akuter. Dochs kamen der wol suggestjes. Frijwilligerswurk soe beleanne wurde kinne. In oar idee wie in pas foar minsken mei in lytse beurs, sadat se ek ris wat leuks dwaan kinne. "Ik wil ook wel eens naar een museum, dat mis ik. Maar dat kan ik niet betalen."

Bettere takomst

De bedoeling is dat der meardere petearen komme om mei mekoar oan in bettere takomst te wurkjen. De oplossing foar hjoed is der net samar, dat waard dúdlik. Mar Veenstra sei ta dat hy it boadskip oerbringt oan de minsken fan de gemeente.
Yn De Klomp wurdt praat oer ynflaasje en in 20 jierreplan
Yn it ambysjedokumint fan de gemeente Ljouwert falt te lêzen dat it plan basearre is op in suksesfol projekt yn de wyk Rotterdam Zuid.
Yn it radioprogramma Buro de Vries folgje we de minsken dy't yn De Klomp komme. It programma is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns yn de werhelling om 21.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.