Omrop Fryslân

Ynspiraasjeleas Cambuur kânsleas ûnderút yn Deventer

SC Cambuur hat sneon kânsleas ferlern fan Go Ahead Eagles. Yn Deventer waard it 3-0. In resultaat siet der gjin momint yn foar de Ljouwerters.
Doke Schmidt krijt giel
© Orange Pictures
Jamie Jacobs wie siik. Hy die dêrom net mei. Mitchel Paulissen wie syn ferfanger. Efteryn wie Calvin Mac-Intosch wer werom. Hy foarme it sintrale duo efteryn tegearre mei Marco Tol. Tol is de ferfanger fan de net-fitte Erik Schouten.
Opstelling SC Cambuur: Bos; Schmidt, Mac-Intosch, Tol, Bangura; Paulissen, Hoedemakers, Maulun; Joosten, Breij en Kallon.
Nei twa minuten wie de earste kâns foar de thúsploech. Iñigo Córdoba skeat de bal yn it sydnet. In pear minuten letter wie Gerrit Nauber mei in kopbal tichteby in doelpunt. Syn ynset ferdwûn njonken de Cambuurgoal.

Ald-spiler docht Cambuur sear

Cambuur koe der net in soad tsjinoer sette. It wie dan ek net ferrassend dat Go Ahead Eagles it earste doelpunt makke. In hoekskop waard troch âld-Cambuurspiler Joris Kramer ynkopt, wêrnei't de bal oanrekke waard troch Mees Hoedemakers en sa fleach de bal yn de goal: 1-0.
Mees Hoedemakers wie ûngelokkich by de 1-0
© Orange Pictures
Ek it twadde doelpunt van Go Ahead foel út in standertsituaasje. Luuk Brouwers kopte in frije traap fia de binnenkant fan de peal yn it doel: 2-0. Isac Lidberg hie it efkes letter noch slimmer meitsje kind foar Cambuur, mar syn skot waard wol tsjinholden troch doelman Pieter Bos.

Amper mooglikheden

Bos wie krekt nei it skoft wer hiel wichtich foar de Ljouwerters. Brouwers gie allinnich op him ôf, mar krige de bal net lâns de doelman. Cambuur krige ek nei it skoft amper mooglikheden en sa batske de wedstriid mar wat fierder.
Yn de 70ste minút krige Michael Breij dan dochs in kâns, mar Bas Kuipers koe mei in tackle foarkomme dat Breij profitearre koe fan it feit dat de Jouster doelman fan Go Ahead, Andries Noppert út posysje wie.

Fjoerwurk

Guon supporters fan Cambuur wienen sa frustrearre mei it spul fan harren ploech dat se fjoerwurk op it fjild smiten. It spul lei dêrtroch efkes stil. Dat barde freed by ek al by de wedstriid tusken Hearrenfean en Heracles Almelo.
It fjoerwurk holp de Ljouwerters net, want efkes letter wie it 3-0. Mats Deijl sette goed druk, spile de bal troch de fuotten fan in ferdigener fan Cambuur en skeat ienfâldich raak.
Dêrnei foelen der gjin doelpunten mear. Cambuur hat noch hieltyd 33 punten en bliuwt foarearst njoggende, mar sjocht in oantal ploegen hieltyd tichterby kommen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.