Hearrenfean pakt kostbere punten mei 2-0 winst op Heracles

Sportklup Hearrenfean hat freedtejûn trije wichtige punten pakt yn de earedivyzje. Yn it eigen Abe Lenstrastadion waard it tsjin Heracles Almelo 2-0 troch goals fan Sarr en Bakker. It wie de earste oerwinning foar de Feansters sûnt 19 desimber.
Amin Sarr © Orange Pictures
It duel begûn mei in minút stilte foar âld-direkteur Gaston Sporre. Sporre ferstoar ôfrûne wike op 76-jierrige leeftiid. Yn 2013 wie hy fiif moannen ynterim-direkteur by Hearrenfean. Hy krige de taak de klup nei in bestjoerskrisis sa gau mooglik wer op de rails te setten.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Bakker, Van Beek, Van Aken, Kaib; Tahiri, Haye, Halilovic; Van Hooijdonk en Sarr.
Yn de iepeningsfaze fan it duel wie it balbesit foar de thúsploech, mar gefaarlik koe Hearrenfean net wurde. Dat feroare nei goed tweintich minuten doe't rjochtsback Milan van Ewijk goed trochkaam oan de rjochterkant. Spitigernôch koe hy mei syn foarset gjin ploechgenoat fine.

Fjoerwurk op it fjild

Dêrnei waard de wedstriid efkes stillein troch skiedsrjochter Bos doe't der fjoerwurk fan de tribune ôf op it fjild smiten waard. Lang duorre de pauze net. Mei noch in kertier te gean oant it skoft krige Hearrenfean in grutte kâns foar spits Sidney van Hooijdonk. Syn skot koe noch krekt tsjinholden wurde.
Oan de oare kant fan it fjild wie Heracles gefaarlik mei in skot fan âld-Hearrenfeanspiler Basacikoglu, mar de begjinstân wie ek de stân by it skoft.

Earste doelpunt Sarr

Yn it begjin fan de twadde helte wie Hearrenfean daliks gefaarlik doe't Joost van Aken út in hoekskop koppe koe. Heracles sette der net in soad tsjinoer en eins wie it wachtsjen op in doelpunt fan de thúsploech.
Nei in lyts oere wie it einlik safier doe't Amin Sarr syn earste doelpunt foar Hearrenfean makke. Hy koe in passke fan Van Hooijdonk rêstich ûnder keeper Bucker trochskowe foar de 1-0 foarsprong. Troch de goal rekke Hearrenfean ferdigener Van Aken kwyt, doe't hy himsels blessearre by it jûchheien.

Doelpunt Heracles ôfkard

Heracles besocht mei in trijedûbelde wiksel noch wat fan it duel te meitsjen. Fiif minuten foar tiid smite dat de lykmakker fan Bakis op, mar syn goal waard op oanjaan fan de grinsrjochter ôfkard fanwegen bûtenspul.
Nick Bakker © Orange Pictures
Nick Bakker soarge der dêrnei foar dat Hearrenfean trije punten byskriuwe koe troch in frije skop fan Haye binnen te rinnen by de twadde peal.
Hearrenfean hie njoggen wedstriden yn 'e kompetysje op rige net wûn. Troch de oerwinning komt de ploech fan Ole Tobiasen op tritich punten út 27 wedstriden. It folgjende duel is op 3 april yn Rotterdam tsjin Sparta.