Omrop Fryslân

Hearrenfean komt wer net fierder as in puntsje

Sportklup Hearrenfean hat alwer net wûn. De Feansters wiene sterker tsjin RKC Waalwijk, mar der wie gjinien dy't de bal deryn prikke koe.
Sydney van Hooijdonk
© Orange Pictures
Lucas Woudenberg, Tibor Halilovic en Amin Sarr wienen der net by yn Waalwijk. Rami Kaib, Anas Tahiri en Anthony Musaba hienen dêrom in basisplak. Hearrenfean spile mei fiif ferdigeners, wêrûnder Joost van Aken. De nije oanwinst stie foar it earst sûnt 2017 wer ris op it fjild foar Hearrenfean.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Bakker, Van Beek, Van Aken, Kaib; Tahiri, Haye, De Jong; Van Hooijdonk en Musaba.
Hearrenfean wie de bettere ploech yn de begjinfaze. Musaba waard twa kear gefaarlik: earst skeat hy yn it sydnet, dêrnei krige hy de bal net lâns doelman Etienne Vaessen.
Nei in healoere krige RKC Waalwijk har earste kâns. Ald-Hearrenfeanspiler Jens Odgaard krige de bal lykwols net tusken de peallen.

Stabyl

De Feansters wiene yntusken in soad oan de bal, mar diene der ek wer net in soad mei. Ferdigenjend stie it lykwols in stik better as ferline wiken. Op de kâns fan Odgaard nei krige RKC dan ek net in soad foarinoar.
© Orange Pictures
Mei it each op it spul wie de 0-0 stân by skoft miskien logysk, mar it wie nei de tee dúdlik dat de mannen fan Ole Tobiasen mear woene. Hearrenfean woe mar ien kant op fuotbalje: nei foaren.

Wa kin skoare?

De bal gie dan ek geregeld yn de rjochting fan Musaba en Van Hooijdonk, mar dy twa koene der net in soad mei. Se skeaten wolris, mar echt gefaarlik waard it net.
Dêr't de oanfallers net sa skerp wiene, woe Nick Bakker mar ris wat skoarend fermogen sjen litte. De sintrale ferdigener wie mei in omhaal ek hiel tichtby, mar hy rekke de latte.
Mei leafst santjin skoten tsjinoer de fiif fan RKC wie Hearrenfean ditkear wol de bettere, mar sûnder doelpunten levert dat opnij net mear as in punt op: 0-0.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.